thumb|left|Fleanfjild Drachten Fleanfjild Drachten (ICAO: EHDR) is in fleanfjild oan de noardrâne fan Drachten, yn de gemeente Smellingerlân. It waard yn 1962 oanlein as airstrip foar de Philipsfestiging yn Drachten en wurdt op 't stuit eksploattearre troch de Stifting Fleanfjild Drachten, dy't it fleanfjild yn brûklien hat fan de gemeente Smellingerlân.
It fleanfjild is thúshaven fan de Ultralight fleanferiening Fryslân en it plak dêr't dragraces holden wurde. Ek wurde dêr sa no en dan offisjele autoraces holden om de yllegale strjitraces foar te kommen
Baan Fleanfjild Drachten hat ien start- en lâningsbaan: baan 08-26 mei in lingte fan 954 meter (ferhurde).
Keppelings om utens Airliners.net - Fotos makke op fleanfjild Drachten Ultralight vliegvereniging Fryslân
Drachten Drachten, Fleanfjild Kategory:Bouwurk út 1962