Foarfallen 7 jannewaris - It Greefskip Flaanderen bekrêftiget troch in ferdrach dat it yn 'e Hûndertjierrige Oarloch de kant kiest fan Ingelân. 8 jannewaris - It prinsdom Monako ûntstiet as Francesco Grimaldi him fanút see master makket fan it gebiet, dat oant no ta de Republyk Genua hearde. 20 jannewaris - It Greefskip Flaanderen ferbrekt iensidich de feodale bannen mei Frankryk. Dêrop falle Frânske troepen it greefskip binnen. 27 maart - Greve Jan I fan Hollân ferslacht de opstannige Westfriezen yn 'e Slach by Froonen. 4 april - Paus Bonifatius VIII ferjout it Keninkryk Sardynje as in lien oan kening Jakobus II fan Aragon. 20 augustus - In Frânsk leger ûnder lieding fan Robert II fan Arteezje ferslacht de Flamingen ûnder Willem fan Gulik de Jongere yn 'e Slach by Bulskamp. 11 septimber - Yn 'e Slach by Stirling bringe de Skotten ûnder William Wallace de Ingelsen yn it ramt fan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch in slimme nederlaach ta. 7 novimber - Op 'e Toerboarch, yn Alkmaar, jouwe de opstanninge Westfriezen har oer oan greve Jan I fan Hollân. 26 desimber - It earste neamen fan in kolfwedstryd.
Berne 14 augustus - keizer Hanazono fan Japan († 1348)
Ferstoarn 11 septimber - Hugo fan Cressingham, Ingelsk ealman en amtner (* 12??)
Kategory:13e iuw