Foarfallen sûnder datum - De Skotske kening Jan fan Balliol, oant no ta in fazal fan de kening Edwert I fan Ingelân, kantet him oan tsjin Edwert syn almar útwrydskere easken. De Skotten slute de Auld Alliance, in langjierrich ferbûn, mei Frankryk. sûnder datum - Marco Polo keart werom yn Itaalje fan syn reis nei Sina. sûnder datum - Toaros III wurdt opfolge troch Sempad as kening fan it Armeenske Keninkryk Silysje. sûnder datum - Djajavarman VIII wurdt as kening fan it Kmer-Ryk opfolge troch Indravarman III. sûnder datum - Op befel fan de Mongoalske hearsker Kazan Khan wurde de tsjerken fan Mesopotaamje ferwoaste. De patriarch fan 'e nestoriaanske Tsjerke fan it Easten, mar Yahballaha II, wurdt finzen nommen en martele.

Berne 21 maart - Hindrik Seuse, Dútsk mûnts en mystikus († 1366)

Ferstoarn 31 maart - Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale, Skotsk ealman (* 1210) 1 novimber - greve Meinhard II fan Gorysje en Tiroal (* ±1238)

Kategory:13e iuw