De ANV-Visser Neerlandia-priis (ek wol koartwei de Visser Neerlandia-priis neamd) is in Nederlânske priis dy't op jierlikse basis yn in fiiftal kategoryen útrikt wurdt troch it Algemien-Nederlânsk Bûn (ANV). De winners wurde dêrta troch spesjalisearre sjuerys útornearre binne. Dizze priis waard yn 1958 ynsteld en finansiere troch it Visser Neerlandiafûns, dat foarme is út it beërf fan mr. Herman Visser. Visser wie in Joadske filosoof en jurist dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch sels in ein oan syn libben makke om net troch de nazys nei de konsintraasjekampen stjoerd te wurden. De helte fan syn fermogen liet er dêrby nei oan it ANV.

Kategoryen en winners De Visser Neerlandiapriis wurdt útrikt yn 'e folgjende kategoryen: drama kultuer (d.w.s. keunst) muzyk (d.w.s. klassike muzyk) wolwêzen persoanlike fertsjinste Foar dizze prizen komme sawol persoanen as organisaasjes yn oanmerking. Under de winners út it ferline wiene bygelyks: Abel Herzberg, Harry Mulisch, Hella Haasse, Theun de Vries en Haye van der Heyden foar drama; taalkundige Nicoline van der Sijs, de Iepenbiere Bibleteek Kurasau en de Toanielakademy Maastricht foar kultuer; Rudolf Escher en Luc Rombouts foar muzyk; de Lanlike Feriening ta Behâld fan de Waadsee en Amnesty International foar wolwêzen; en Jules de Corte, Liesbeth List en Robert Long foar persoanlike fertsjinste.

Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Nederlânske Wikipedy.

Kategory:Nederlânske teaterpriis Kategory:Nederlânske keunstpriis Kategory:Nederlânske kultuerpriis Kategory:Nederlânske muzykpriis Kategory:Klassike-muzykpriis Kategory:Nederlânske ûnderskieding Kategory:Nederlânske minskerjochtepriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1958