Fenus is de Romeinske goadinne fan de leafde. Oarspronklik is se in fegetaasje-goadin, beskermster fan túnen en wyngerds. Sy wurdt as identyk beskôge ta de Grykske goadinne Afrodite. Har Etruskyske ekwifalint is Turan. Sy waard yn de Romeinske kultuer faak ôfbylde as in frou mei in rûn foarwerp yn 'e hân, bygelyks in apel of in spegel, mar somtiden mei Kupido of Fiktoaria op har hân.
Sjoch ek Afrodite Fenus, planeet
Trivia It wurd "fenearyske sykte", as synonym foar geslachtssykte, komt fan "Fenus".
Kategory:Romeinske mytology Kategory:Seksualiteit Kategory:Leafdesgod Kategory:God fan de fruchtberens Kategory:Memmegoadinne