Johannes Hendrik "Jan" van Steenbergen (Hoarn (Noard-Hollân), 3 juny 1970) is in Nederlânsk taalkundige, sjoernalist en tolk/oersetter. Hy is de auteur fan ferskate keunsttalen, by namme Ynterslavysk en Wenedyk.Biografy op conlang.org
Van Steenbergen wennet yn IJmuiden. Hy is troud en hat trije bern.Short biography
Oplieding Van Steenbergen trochrûn it Murmelliusgymnasium yn Alkmaar en studearre fanôf 1988 East-Jeropeeske talen oan de Universiteit fan Amsterdam, mei as haadfak Slavyske talen en -kultueren. Dêrnjonken studearre hy musikology. Hy ferfolge syn oplieding oan de Universiteit fan Warsjau en wurke dêr ek mei oan in muzykfestival.
Yn 1997 waard hy yn Nederlân tolk/oersetter Poalsk.Profyl van Steenbergen as oersetter
Keunsttalen Yn 1996 begûn er te wurkjen oan in fiktive Noardslavyske taal, Vuozgašchai. Yn 2002 kreëarre er in oare keunsttaal, Wenedyk. Dy lêste is in rekonstruksje fan hoe it Poalsk west kinnen hie as it troch fulgêr Latyn beynfloede west hawwe soe. Yn 2006 wie Van Steenbergen ien fan de inisjatyfnimmers fan de Pan-Slavyske taal Ynterslavysk. Teffens wie hy koördinator fan in projekt foar it meitsjen fan in elektroanysk Ynterslavysk wurdboek.M. Prelević, Ynterslavysk dat elkenien begrypt, 16 febrewaris 2010Ynterview yn de Servyske edysje fan Reader's Digest, Reader's Digest Srbija, June 2010, p. 13-15
Yn novimber 2013, ûntfong er de Josef Dobrovský-medalje foar syn bydragen oan de Slavyske kultuer en wittenskip,Artikel yn de Russyske krante Izviestija oer de takende medalje neamd nei de grûnlizzer fan de Tsjechyske skriuwtaal.
Keppeling om utens Offisjeel webstee Towards a Unified Slavic Language — Lêzing yn Grins, by de fjirde Konferinsje oer it skeppen fan in taal, 2011]
Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk taalkundige Kategory:Keunsttaalskriuwer Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1970