Cuxhaven is in distrikt (Landkreis) yn it noarden fan de Dútske dielsteat Nedersaksen. It leit oan de Noardsee en it Waad. De haadstêd en grutste stêd is Cuxhaven. It distrikt hat in oerflak fan 2073 km² mei ynwenners ().
Geografy en geology It distrikt grinzget oan de distrikten Stade, Rotenburg (Wümme), Osterholz, Wesermarsch, de stêd Bremerhaven en de Waadsee. It distrikt befettet it fan oarsprong Fryske Lân Woersten oan 'e Waadkust, dêr't hjoed-de-dei de gemeente Woerster Noardseekust leit.
De ûndergrûn fan it distrikt bestiet út morenen en raanwetterslinken út de Saale-iistiid, it foarlêste glasiaal yn it Pleistoseen. Dy foarme it sânige geastgrûn mei typyske balstiennen fan granyt en gneis. De einmorenen fan de lêste iistiid, it Weichselien, hawwe it gebiet doe net berikt. Dêrom binne de terreinfoarmen in soad "sêfter" as yn it gebiet dat bekend stiet as de Holsteinische Schweiz yn de dielsteat Sleeswyk-Holstein.
It begjin fan t Holoseen gie mank mei it ranen fan de gletsjers, dêr't der in dúdlik heger wurden fan de seespegel troch op te merken wie. De gebieten tichteby de kust ferdwûnen ûnder wetter. Yn de slinken yn it binnenlân ûntjoegen harren, ek troch it tagelyk heger wurden fan it grûnwetternivo, de earste leechfeangebieten.
Yn de Hodeler Bocht (Hadler Bucht) en by de mûning fan de Weser foarme in grut waadgebiet. Alle kearen as dat gebiet ûnder wetter strûpte, waard troch it wetter sedimint oanfierd dat by it drûchfallen efter bleau en skoarren foarme.
It distrikt hat ek wol de bijnamme Cuxland
Skiednis It distrikt is yn 1977 stifte nei de fúzje fan de distrikten Hodelerlân, Wesermünde en de stêd Cuxhaven ferlear doe de status fan kreisfreie stêd en waard de haadstêd fan it nije distrikt..
Stêden en gemeenten De neikommende stêden en gemeenten lizze yn it distrikt: StêdenFrije gemeenten Cuxhaven Geestland Beverstedt Hagen im Bremischen Loxstedt Schiffdorf Woerster NoardseekustGearwurkingsgemeenten Samtgemeinde Am Dobrock Belum Bülkau Cadenberge Geversdorf Neuhaus (Oste) Oberndorf Wingst Samtgemeinde Börde Lamstedt Armstorf Hollnseth Lamstedt Mittelstenahe Stinstedt Samtgemeinde Hemmoor Hechthausen Hemmoor Osten Samtgemeinde Hodelerlân Ihlienworth Neuenkirchen Nordleda Odisheim Osterbruch Otterndorf Steinau Wanna
Keppeling om utens Hiemside fan Landkreis Cuxhaven
Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1977