thumb|260px|Gemeentegrinzen fan 2011 Heraklion (Gryksk: Ηράκλειο, Iraklio) is de haadstêd en grutste gemeente fan it Grykske eilân Kreta. It plak leit sintraal oan de noardkust fan it eilân, oan de Egeyske See.
It besjen wurdich De stêd hat in archeologysk museum dat in bulte fynsten fan de Minoyske beskaving hat. Yn it museum binne in protte bylden fan bollen te finen út de bollekultus fan dy beskaving. De myte fan de Minotaurus herinnert hier nog aan. It museum hat ek in makette fan Knossos. Fierder is der in ferskaat oan fynsten út it archeologysk plak Faestus, lykas de wrâldferneamde Skiif fan Faistos, yn dit museum. In tige bekend byldsje is dat fan de slangegoadinne, dy't yn eltse hân in slang yn de loft hâldt (sjoch foto).
Oan de haven leit it fort Koulés. It archeologysk fynplak Knossos leit tichtby de stêd.
Underwiis Heraklion hat in dependânse fan de Universiteit fan Kreta (Gryksk: Πανεπιστήμιο Κρήτης). Yn dy festiging húsmannet de Fakulteit fan Geasteswittenskippen en de Fakulteit fan Natuerwittenskippen, Wiskunde en Ynformatika.
Ynternasjonale organisaasjes Sûnt 2005 is it Europeesk Agintskip foar netwurk- en ynformaasjebefeiliging ("ENISA") yn Heraklion fêstige. It ENISA funksjonearret as kennissintrum dêr't EU-lidstaten en EU-ynstellingen advys krije kinne oer fraachstikken dy't netwurk- en ynformaasjebefeiliging oanbelangje krije.
Demografy Troch de bestjoerlike weryndieling fan begjin 2011 waard Heraklion in fúzjegemeente yn de Grykske bestjoerlike regio (periferia) Kreta en de fjird grutste stêd fan Grikelân nei ynwennertal. Untjouwing fan de befolking fan HeraklionYnwennertalJier180018501900192019281951196119711981199120012011Ynwenners15.00018.91022.50129.49139.23154.87863.76584.354111.335120.563137.711173.450Boarnen:I. Perdikogianni: A Study of evolution, eprints.ucl.ac.uk (PDF) Iraklio-ChaniaNational Statistic Service of Greece:Statistisches Jahrbuch 2006 statistics.gr s. 44Folkstelling 2011statistics.gr (PDF)
Berne yn Heraklion Odýsseas Elýtis (2 novimber 1911 - 18 maart 1996), dichter en Nobelpriiswinner Nikos Kazantzakis (18 febrewaris 1883 - 26 oktober 1957), skriuwer/dichter/filosoof Joseph Sifakis (1946), ynformatikus en winner fan de Turing Award
Kategory:Plak op Kreta Kategory:Plak stifte yn 824