Martin Ros (Hilfertsom, 2 jannewaris 1937 - Amersfoart, 8 desimber 2020) wie in Nederlânsk útjouwer, redakteur, boekenresensint, radiopresintator, skriuwer en publisist.
Biografy Ros waard grutbrocht yn in tige katolike Hilfertsomske arbeiderswyk Klein Rome. Syn net altyd postive ûnderfinings yn syn jonkheid dêre hat er yn 1997 beskreaun yn it boek Herinneringen aan mijn rijke roomse jeugd.
Yn 1964 waard er redakteur by útjouwerij De Arbeiderspers, wêrfoar't er ek it tal boekerigen makke. De bekendste binne Privé-Domein en Oorlogsboeken. Ros wie ek redakteur fan it literêr tydskrift Maatstaf. Sûnt 1996 wurket er as freelance-publisist en fertaler. Ros skreau sels ek boeken, fral oer syn passy hurdfytsen.
Ros waard by it grutte publyk bekend fanwege syn boekresinsjes yn het radioprogramma TROS Nieuwsshow op Radio 1, dy't er fan 1985 ôf alle wiken fersoarge. Omdat de TROS it programma ferjongje woe, moast Ros dêr mei ophâlde. Dat levere ferdielde reaksjes op ûnder de 800.000 fêste harkers fan it programma. Op 22 desimber 2007 wie syn lêste útstjoering.TROS MARTIN ROS VERVANGEN, Volkskrantbloch, 27 novimber 2007 Yn 2008-2010 wie er wer as kollumnist te beharkjen, no oer it ynternet by de doetiidske boekwinkelkeatling Selexyz.
Martin Ros wenne de lêste jierren fan syn libben yn in ferpleechhûs yn Amersfoart. Hy stoar dêr yn de âldens fan 83 jier oan de gefolgen fan in ynfeksje troch it koroanafirus.
Bibliografy Heldenlevens, 1987 Gerrit Schulte, 1987 Bloednacht Mayerling, 1989 Wielerhelden, 1991 Vuurnacht, 1991 Liefde en ouderdom, 1993 Fausto Coppi, een heldenleven, 1994 Jakhalzen van het derde rijk, 1995 Herinneringen aan mijn rijke roomse jeugd, 1997 Heersers van de Tour, 1997, Martin Ros & Wout Koster De wonderlijke Tour, 2000 Triomf, 2001 Een vergeten oorlog, 2003 Elisabeth, 2005 De klimmers Rose verhalen, Martin Ros & J. Bernlef Ik herinner mij, Martin Ros & Emile Brugman Het dagboek van een kamermeisje, O. Mirbeau & Martin Ros De zondebok, August Strindberg, Martin Ros & Rita Tornqvist-Verschuur De duizendkunstenaar van Lublin, Nico Polak & Martin Ros Climax (karlêzing)
Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk literatuerkritikus Kategory:Nederlânsk radiopresintator Kategory:Nederlânsk kommentator Kategory:TROS-wurknimmer Kategory:Nederlânsk útjouwer Kategory:Nederlânsk boekeredakteur Kategory:Nederlânsk autobiograaf Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Persoan berne yn 1937 Kategory:Persoan stoarn yn 2020