De Bres is it ûnderkommen fan Fryske en kulturiele organisaasjes.
It pân is festige oan de Skoalstrjitte 4 te Ljouwert. Der is in gearkomste- en kantoarromte en in seal mei breed ynsetber gebrûk. It gebou waard offisjeel iepene troch kultuerwethâlder frou Y. Bleize op 6 oktober 2006. It gebou moat in ynformeel moetingsplak wurde foar Fryske - en kultuerynstellings en in útfalsbasis foar aktiviteiten mei in leechdrompelich karakter.
De Bres is ornearre foar ûndersteande aktiviteiten: Poadium foar optredens fan Fryske (of oare minderhydstalige) bands en artysten Lêzings, diskusjejûnen en polityk kafee Untfangstromte foar ynternasjonale gasten broeinêst en briedplak foar Fryske en kulturiele organisaasjes toaniel en teater romte jaan foar koarte eksposysjes fan Fryske en allochtoane keunstners multykulturiele feesten brânpunt foar hjoeddeistige Fryske yntellektuele diskusje
Guon fan de belutsen organisaasjes: Fryske Klup Ljouwert Doar Eftrije FYK Vision Africana
Keppeling om utens Fryske Klup (deade keppeling)
Kategory:Bouwurk yn Ljouwert Kategory:Kantoargebou yn Fryslân Kategory:Bouwurk út 2006 Kategory:Bouwurk yn Ljouwert (gemeente)