Foarfallen 18 july - Kening Edwert I fan Ingelân ferdriuwt de Joaden út it Keninkryk Ingelân. 23 july - Andréas III wurdt kening fan Hongarije. 26 septimber - Yn Skotlân ûntstiet in regearingskrisis as troch it ferstjerren fan 'e jonge keninginne Margareta it Hûs Canmore útstjert. Der binne net minder as 13 ûnderskate troanpretendinten, mei as wichtichsten Robert V fan Bruce en Jan fan Balliol. De troan bliuwt foarearst leech, en it lân wurdt regearre troch saneamde beskermhearen. sûnder datum - Yn Itaalje wurdt de bril útfûn. sûnder datum - Sluis, yn it lettere Siuwsk-Flaanderen, kriget stedsrjochten fan 'e greve fan Flaanderen. sûnder datum - De Rymbibel fan Jacob fan Maerlandt is de earste bibeloersetting yn it Nederlânsk. sûnder datum - It Keninkryk Singhasary wit it Keninkryk Srividjaja hielendal fan Java te ferdriuwen.

Berne datum ûnbekend Margareta fan Boergonje, keninginne-gemalinne fan Frankryk († 1315)

Ferstoarn 10 maaie - hartoch Rudolf II fan Eastenryk (* 1271) 26 septimber - keninginne Margareta fan Skotlân (* 1283) 28 novimber - Eleönoara fan Kastylje, keninginne-gemalinne fan Ingelân (* 1241) 18 desimber - kening Magnus III fan Sweden (* 1240)

Kategory:13e iuw