De Sint-Bonifatiustsjerke yn Ljouwert is ien fan de hichtepunten út de karriêre fan arsjitekt P.J.H. Cuypers. De Bonifatiustsjerke funksjonearret as in ko-katedraal foar it bisdom Grins-Ljouwert.
Parochy De tsjerke falt ûnder de Sint-Fitusparochy en is ien fan 'e fjouwer roomske tsjerken, dy't de parochy brûkt.
Op 10 novimber 2023 makke it parochybestjoer bekend dat de tsjerke mei twa oare tsjerken yn 'e parochy sluten wurde sil. De Sint-Martinustsjerke fan Wergea en de Marije-Himelfearttsjerke fan Wytgaard sille nei alle gedachten ferkocht wurde. De Bonifatiustsjerke wurdt hierd fan 'e Stifting Bonifatiustoer en kin dus net troch de parochy ferkocht wurde.
Mei yngong fan 2025 sil neffens de plannen fan it parochybestjoer dan allinne de Ljouwerter Dominikustsjerke oerbliuwe. Yn Jirnsum is noch in lytse kapel oanwêzich.Ljouwerter Krante, Bonifatiuskerk in Leeuwarden gaat dicht: 'We gaan een aantal hele verdrietige stappen nemen', 9 novimber 2023
Skiednis thumb|left|Byld fan Bonifatius (ûnderdiel fan it Bonifatiusalter fan de tsjerke), patroanhillige fan de tsjerke De tsjerke waard tusken 1882 en 1884 boud foar de Ljouwerter Sint-Bonifatiusparochy (tsjintwurdich Sint-Fitusparochy). It is in grutte krúsbasilyk yn neogoatyske styl. De toer wurdt bekroand troch in hege houten spits nei foarbyld fan dy fan de Sint-Pankrastsjerke yn Inkhuzen. Op 3 jannewaris 1976 bruts de spits by in stoarm ôf. Yn 1979-1980 waard er op 'e nij boud neffens de orizjinele plannen. It koer hat in bysûnder lege apsis mei tintedak, omsletten troch in smelle omgong. Dy konstruksje is heechst wierskynlik ôfsjoen fan de Nidaros-domtsjerke yn Trondheim, wêrfan de restauraasje krekt yn dy tiid dien makke waard.
Doe't de tsjerke op 'e nij boud waard bestie der in kâns dat Ljouwert biskopssit wurde soe; mei it each dêrop waard der in biskoplik paleis by de tsjerke boud. Doe't de biskopssit nei Grins gie waard dat paleis ynrjochte as sikehûs.
Reformaasje Mei de oername fan it Ljouwerter blokhûs troch oanhingers fan kalvinisten yn 1580 kaam der in ein oan de sûnt 1578 ynfierde godstsjinstfrijheid. De fiering fan de roomske misse waard strang ferbean en alle tsjerken en kleasters gyngen oer op 'e oanhingers fan 'e nije leare. Preesters, muontsen en nonnen waarden dat jier út de pastorijën en kleasters set en ferballe. Alle trije parochytsjerken fan Ljouwert (de Sint-Fitus fan Oldehove, de Marijetsjerke fan Nijehove, Sint-Katarina fan Hoek) waarden ôfbrutsen (Sint-Fintus), yn in klokkejitterij (Marijetsjerke) of pesthûs (Sint-Katarina) feroare. In pear preesters achten oan it begjin fan de 17e iuw de stêd feilich genôch om yn it djipste geheim missen yn hûzen fan partikulieren te fieren, dy't trou bleaun wiene oan Rome. Yn 'e rin fan de 17e iuw rekken de alderskerpste kanten fan de reformaasje der wat ôf en wiene der seis plakken, dêr't katoliken de misse bywennen. Dy plakken waarden staasjes neamd. Doe't yn 1680 lykwols efter in hûs oan de Vleeschmarkt, tsjintwurdich de stille kant fan de Nijstêd, in oan Bonifatius wijde paapsche vergaderlaats ûntdutsen waard en de katoliken net om lyk woene om de staasje op te heffen, lieten de autoriteiten de ynrjochting út de staasje yn beslach nimme. Ek al bleau der wjerstân fan de oerheid, it hindere de Ljouwerter katoliken net om dy staasje dochs te brûken as harren tsjerke. De 18e iuw brocht foar de katoliken wer wat mear ferdraachsumens. De Bonifatiusstaasje wie no op in boppeferdjipping fan in wenhûs oan de Vleeschmarkt ûnderbrocht.
De earste Bonifatiustsjerke thumb|220px|Kening Kristus (Wim Harzing) Mei de Frânske tiid kaam der in ein oan de diskriminaasje fan de katoliken en yn 1805 waard de âlde oan Bonifatius wijde skûltsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch in echt tsjerkegebou mei in koepeltuorke. Om't kening Willem I de biskoppen yn Nederlân sels oanstelle woe en de paus dêr net yn meigean koe, duorre it lykwols noch oant it jier 1848, doe't katoliken folsleine frijheid krigen en paus Pius IX de biskoplike hiërargy wer yn Nederlân ynfierde.
Ljouwert kaam ûnder bisdom Utert te fallen en de dekanaten fan de bisdommen waarden ûnderferdield yn parochy's. Ljouwert krige twa parochy's: de Sint-Dominikusparochy en de Sint-Bonifatiusparochy. De Dominikusparochy liet in yn 1869 ynwijde tsjerke bouwe oan de Spylmanstrjitte, dy't yn 1937 ferfongen waard troch de nije Dominikustsjerke oan de Harzerstrjitte. De tsjerke fan de Bonifatiusparochy waard te lyts en stie boppedat op it parochygebiet fan de Dominikustsjerke. Plannen fan it parochybestjoer om op it eigen parochygebiet in tsjerke te bouwen krigen yn 1881 stâl mei it oankeapjen fan grûn efter de Foarstreek.
Al in jier letter waard de nij te bouwen tsjerke útbestege foar in bedrag fan ƒ 261.550. De neffens plannen fan Pierre Cuypers boude tsjerke waard op 19 novimber 1884 yn oanwêzigens fan de boargemaster en de aartsbiskop fan Utert plechtich ynwijd. De nije Bonifatiustsjerke waard in foars, fiifensantich lang krúsfoarmich gebou, mei in dwersskip fan 32 meter en in eastlike legere apsis mei in fjouwersidige ôfsluting. Njonken de tsjerke waard der ek in westlike en in eastlike pastory boud. Cuypers folge de iuwenâlde tradysje fan in eastlike oriïntaasje. Oan de westlike kant, noardlik fan de toer, kaam de doopkapel. De arsjitekt woe foar de tsjerke in hege toer, sadat de oprop fan de klokken foar de misse fier te hearren wie.
Yn 1938 waard yn it ramt fan it sulveren preesterfeest fan pastoar Holtmann bûten de tsjerke foar it haadportaal in byld fan Kristus Kening oprjochte.
Ofbraakplannen thumb|left|250px|De westlike pastory, tsjintwurdich Titus-Brandsmahûs (parochyhûs) De tsjerke waard yn de jierren 1965-1967 mei help fan it bisdom Grins restaurearre, mar de toer en de oangrinzgjende pastory foarme in lestige saak. Yn in tiid dat de binnenstêd slim te lijen hie fan ûntfolking en der katolike tsjerken yn de nijbouwiken boud waarden, hie in jimmeroan lytser wurdende parochy brek oan jild foar restauraasje. Om't de Rykstsjinst foar de Monumintensoarch it bouwurk net bysûnder genôch fûn om it op de monumintenlist te setten wie der gjin jild fan de oerheid te ferwachtsjen. Yn dy tiid waard de neogotyk benammen ûnder arsjitekten ûnderwurdearre as boustyl. En sa waard it gebouwekompleks fiansjeel in bongel oan de foet foar de parochy. Om't it oangrinzgjende Sint-Joazefpension wol útwreidzje woe, makke it tsjerkebestjoer mei it bestjoer fan Sint-Joazef tsjin it ein fan 'e jierren 1960 in plan foar in hiele nije ynrjochting fan it gebiet. It plan betsjutte de ôfbraak fan it Sint-Bonifatiuskompleks en de fernijing en útwreiding fan it pension mei de bou fan in winkelsintrum, apparteminten en in lytse tsjerke. thumb|260px|Oersjoch ynterieur Alhoewol't net alle parochianen harren fine koene yn de ôfbraak, seagen de measte parochianen de útfiering fan it plan as ûnûntwynber. De sloopplannen koene lykwols net op in soad stipe fan de Ljouwerter befolking rekkenje en de gemeente woe gjin supermerk op it plak fanwegen it tekoart oan parkearplakken. Undertusken ûnstie der ek in Aksjekomitee ta behâld fan de Bonifatiustoer, dat der nei stribbe it hiele tsjerkekompleks te behâlden. Op dat stuit like it der op dat it doek foar de tsjerke feitlik al fallen wie: oan it plan om in nije tsjerke te bouwen waard gewoan fierder wurke en de gemeente dielde yn septimber 1971 mei dat it sloopbeslút fan tsjerke en toer respektearre wurde soe. It reinde ynstjoerde stikken oer de kwestje. De measte brieven wiene negatyf oer de plannen en der waard in briefkaartenaksje op tou set om de polityk der ta oan te setten harren mear yn te spannen foar de Bonifatiustsjerke. It hie effekt en it kolleezje fan B&W krige de opdracht fan de gemeenteried om tsjerke en toer hoe dat ek foar de ûndergong te behoedzjen.
De gemeente gyng mei it tsjerkebestjoer en it bestjoer fan Sint-Joazef om de tafel, mar de gemeente koe in útstel fan it tsjerkebestjoer om de gebouwen foar in symboalysk bedrach oer te nimmen net goedkarre. It tsjerkebestjoer waard fan 'e kant fan de gemeente trochferwiisd nei de yntusken oprjochte Stifting Bonifatiustoer om dy itselde útstel te dwaan. Der folge oerlis tusken it tsjerkebestjoer en de Stifting Bonifatiustoer. It wie yntusken 1972 en de útkomst fan dat oerlis wie om nochris oan de gemeente út te stellen om it gebou oer te nimmen, mar op 'e nij wiisde de gemeente dat ôf. Wer moasten it tsjerkebestjoer en de Stifting Bonifatiustoer om 'e tafel, oant yn jannewaris 1973 lang om let bekend makke waard dat der in akkoard wie en de takomst fan de tsjerke ynearsten fersekere wie. De ôfspraak wie dat de stifting it kompleks foar ƒ 1 oernimme soe en dat it tsjerkebestjoer de tsjerke en de pastory werom hiere soe foar in symboalysk bedrach. Op 18 april 1974 fûn de offisjele oerdracht plak.
De fal fan de spits thumb|250px|left|De Bonifatiustsjerke fanút it suden Sûnt de jûn fan 2 jannewaris 1976 raasde in swiere orkaan oer Fryslân. Oerenlang hie de tritich meter hege spits swier te lijen fan 'e wynfleagen en de oare moarns stiene al tal fan Ljouwerters te sjen nei de gefaarlik skodzjende spits fan de Bonifatiustoer. Dy middeis nei trijën briek lang om let de spits en mei de fal fernielde it in diel fan it sudlike sydskip, in diel fan de westlike pastorij (it parochyhûs) en it Sint-Joazefpension, dat op 'e tiid ûntromme wie.
De toer wie net tsjin stoarmskea fersekere, mar it waard al hiel gau dúdlik dat de stifting de spits werom ha woe op 'e toer. Der waard in begjin makke mei it ynsammeljen fan jild en in aksje yn febrewaris levere fuort al ƒ 80.000 op. Yntusken krige de Bonifatiustsjerke ek de status fan ryksmonumint. thumb|220px|De 96 meter hege toer Yn 1976 waard foar de reparaasje fan de toer in steiger om de toer boud. Troch it ferkeapjen fan de reklamerjochten oan de bouwer fan de steiger koe de stifting de bou fan de steiger werom fertsjinje. De reklametoer bleau oant 1979 stean, doe't op it plein njonken de tsjerke in bouwerf ynrjochte waard foar de rekonstruksje fan de spits. Ferskillende organisaasjes joegen jild foar dat doel en yn febrewaris 1980 waard nochris hûs oan hûs ƒ 50.000 by inoar sammele. Op 25 maart 1980 brocht in 96 meter hege kraan de rekonstruearre spits yn twa dielen op 'e toer en as lêste waard it seis meter hege krús op de spits set. Oant de hjerst fan dat jier waard der noch wurke oan de toer en noch in jier langer waard der ek noch wurke oan 'e reparaasje fan it tsjerkegebou. Ek de fieringstoer waard renovearre.
Sûnt 1980 Yn de rin fan de tiid waard de tsjerke fierder restaurearre en foar oare funksjes geskikt makke en modernisearre. De ferhûzing fan Sint-Joazef brocht leechstân en fertutearzing fan it gebiet om de tsjerke. De leechsteande gebouwen wiene ideale plakken foar brânstifting en fernielings. Yn 'e jierren 1980 waarden de glês-yn-leadramen fan de sakristy ynsmiten. In hek moast tenei it gebou better beskermje tsjin fernielings. Yn 1983 gyng ek it leechsteande, monumintale Amelânhûs oan de Foarstreek troch brân ferlern. Fiif jier letter wie it wer raak en wie der in grutte brân in de eastlike pastorij. Mei de werynrjochting fan de omjouwing ferbettere de sitewaasje, ek al bedrigen heechbouplannen efter de tsjerke de monumintaliteit fan de tsjerke.