Jessica Mendels (De Haach, 25 maart 1981) is in Nederlânsk presintatrise en tillefyzje-aktrise.
Libben en karriêre Mendels is benammen bekend wurden mei it kampearprogramma CampingLife, dat hja fan 2008 oant 2012 mei Sander Janson presintearre op 'e stjoerder RTL 4. Yn 2009 en 2010 wie se dêrnjonken teffens mei-presintator fan it programma Ik Kom bij Je Eten. Earder die Mendels presintaasjewurk op 'e teleshopstjoerder LiveShop.
Fierders hie se yn 2003 in rol yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden, as Cynthia de Vries, en yn 2008 spile se Tamara Groeneveld yn Pauwen en Reigers, in dramasearje fan 'e regionale stjoerder RTV West.
Op 28 maaie 2011 troude Mendels mei har freon Paul Blom, mei wa't se al sûnt 2005 in relaasje hie. Mei him hat hja neitiid in dochter krigen. Sûnt 2013 docht Mendels de presintaasje fan RTL Vakantie Magazine, en sûnt 2014 ek dy fan 'e kwis LETRZ.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Jessica Mendels
Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Kwismaster Kategory:RTL Nederlân-wurknimmer Kategory:Persoan berne yn 1981