Simone Weimans (Rotterdam, 23 novimber 1971) is in Nederlânsk nijslêzeresse, presintatrise en programmamakster fan Surinaamsk komôf.

Karriêre Al ûnder har stúdzje wurke Weimans by de Wrâldomrop. Yn 1998 studearre hja ôf oan 'e Erasmus Universiteit yn Rotterdam, en dêrnei sette hja útein mei wurk by de VARA, earst as ferslachjouwer en letter as redakteur foar ferskate programma's op Radio 1 en Radio 5. Dêrby wie Weimans úteinlik ek aktyf as radiopresintatrise, û.m. fan Halte 747, De Ochtenden en Radio Kassa.

Letter begûn Weimans ek voice-over-wurk foar de tillefyzje te dwaan, en waard hja "de stim" fan Nederlân 3. Dêrnjonken spriek hja ek teksten yn foar de dokumintêres fan 'e rubryk Zembla en ferskate oare programma's. Yn Dichtbij Nederland wie hja yn dyselde snuorje foar it earst ek op 'e tillefyzje te sjen. Har earste tillefyzjepresintaasje-ûnderfining die hja op by programma's op digitale temakanalen.

Fan 2013 ôf is Weimans wurksum by de NOS, as nijslêzeresse fan it NOS Sjoernaal. Yn dy funksje is hja benammen moarns en middeis te sjen, mar soms ek wol jûns. Dêrnjonken is se belutsen by it Radio 1-programma De Gids.FM, wêrfoar't se in rubryk makket en presintearret oer de sosjale media en it ynternet, mei as namme Tijdgeest.

Priveelibben Simone Weimans is fan Surinaamsk-Kreoalsk etnysk komôf; har âlden binne yn 'e sechtiger jierren nei Nederlân ta emigrearre. Weimans is de suster fan moadeûntwerpster Marga Weimans.

Kategory:Nederlânsk nijslêzer Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk radiopresintator Kategory:Nederlânsk ferslachjouwer Kategory:Nederlânsk programmamakker Kategory:VARA-wurknimmer Kategory:NOS-wurknimmer Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Kreoalsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1971