Aïcha Marghadi (Ouarzazate (Marokko), 24 july 1977) is in Nederlânsk sportpresintatrise en -ferslachjouster en nijslêzeresse fan Marokkaansk-Berbersk komôf.

Libben en karriêre Marghadi waard yn 1977 berne yn Ouarzazate, in stêd yn it Atlasberchtme fan sintraal Marokko, mar groeide op yn it Noardhollânske Lutjewinkel. Nei in stúdzje public relations en kommunikaasjekunde yn Amsterdam sette hja útein mei in karriêre yn 'e sjoernalistyk. Yn 't earstoan wurke hja û.m. by it parseburo Novum Nieuws, de lokale sindmachtigde SALTO Omroep Amsterdam en de radiostjoerder FunX.

Yn 2004 kaam Marghadi op 'e sportredaksje fan 'e Amsterdamske stjoerder AT5. Fan 2007 oant 2011 presintearre se dêr ferskate jierren efterinoar it nijs, en ûntjoech har sa ta ien fan 'e gesichten fan 'e stjoerder. Sûnt oktober 2010 presintearre hja dêrnjonken in stikmannich dagen yn 'e wike it sportsegmint fan it lanlike NOS Sjoernaal, yn ôfwikseling mei Toine van Peperstraten, Henry Schut, Dione de Graaff, Jack van Gelder, Mart Smeets, Tom Egbers en Jeroen Stomphorst. Nei't se yn 2011 by AT5 weigien wie, presintearre Marghadi op 'e nasjonale tillefyzje ek útstjoerings fan Studio Sport, it sportprogramma fan de NOS. Yn septimber 2012 makke hja bekend by de NOS wei te gean, mei om't hja yn ferwachting wie fan har twadde bern. Marghadi waard by de NOS opfolge troch Rivkah op het Veld en Sjoerd van Ramshorst.

Aïcha Marghadi is skieden en hat twa bern. Hja is de suster fan Mustafa Marghadi, dy't NOS op 3 presintearret en foarhinne ek NOS Headlines en Het Klokhuis die.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Aïcha Marghadi

Kategory:Marokkaansk telefyzjepresintator Kategory:Marokkaansk nijslêzer Kategory:Marokkaansk ferslachjouwer Kategory:Nederlânsk nijslêzer Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk sportferslachjouwer Kategory:NOS-wurknimmer Kategory:Nederlânsk persoan fan Marokkaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Berbersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1977