De UK Music Video Awards binne in groep Britske muzykprizen dy't elts jier útrikt wurde foar kreätiviteit, technyske treflikens en ynnovaasje op it mêd fan Britske en ynternasjonale fideoklips. Fan augustus ôf kinne klips nominearre wurde troch bedriuwen út 'e Britske muzykyndustry of gewoan troch partikulieren. De eigentlike takenning fan 'e prizen wurdt ferrjochte troch in faksjuery, wêrnei't de útrikking earne yn 'e hjerst plakfynt. De UK Music Video Awards waarden foar it earst útrikt yn 2008. Artysten dy't dizze priis yn it ferline wûn hawwe, wiene bgl. Björk, Beyoncé Knowles en Coldplay.
Kategoryen fideoklip fan it jier bêste pop-fideoklip bêste rock-fideoklip bêste alternative of ûnôfhinklike fideoklip bêste dance-fideoklip bêste urban-fideoklip bêste ynternasjonale fideoklip bêste kamerarezjy yn in fideoklip bêste styling yn in fideoklip bêste sinematografy yn in fideoklip bêste telecine yn in fideoklip bêste fisuële effekten yn in fideoklip publykspriis bêste produsint bêste regisseur bêste nije regisseur bêste commissioner
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e UK Music Video Awards
Kategory:Britske muzykpriis Kategory:Popmuzykpriis Kategory:Rockpriis Kategory:Dancepriis Kategory:Hiphoppriis Kategory:Rappriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2008