De Urban Music Awards (soms ôfkoarte ta UMA's) binne in groep fan oarsprong Britske muzykprizen dy't sûnt 2003 elts jier útrikt wurde oan muzikanten en sjongers dy't ferantwurdlik binne foar de as bêste beoardiele prestaasjes op it mêd fan hiphop, R&B, soul en dance-muzyk fan it foargeande jier. Sûnt 2007 bestiet der ek in Amerikaanske ferzje fan dizze prizen, en yn totaal wurde se no yn seis lannen útrikt. Guon fan 'e winners fan 'e Urban Music Awards binne Jay-Z, Enrique Iglesias, Beyoncé Knowles, Rihanna en Amy Winehouse.

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Urban Music Awards

Kategory:Britske muzykpriis Kategory:Amerikaanske muzykpriis Kategory:Hiphoppriis Kategory:R&B-priis Kategory:Soulpriis Kategory:Dancepriis Kategory:Rappriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2003