De MuchMusic Video Awards binne in groep Kanadeeske muzykprizen dy't elts jier yn juny útrikt wurde troch de Kanadeeske muzykstjoerder MuchMusic, foar de bêste prestaasjes op it mêd fan fideoklips fan it foargeande jier. Dizze prizen waarden foar it earst útrikt yn 1990. De útrikking wurdt net dien yn in gebrûklike seremoanje, mar as ûnderdiel fan in strjitfeest op it parkearplak fan it haadkertier fan MuchMusic en dielen fan 'e oangrinzgjende Queen Street West, yn it sintrum fan Toronto. De winners wurde útornearre troch in faksjuery, mar der binne trije publykskategoryen, wêrfan't de winners útmakke wurde troch in stimming op 'e webside fan MuchMusic, dêr't in elk oan meidwaan kin.

Kategoryen fideoklip fan it jier ynternasjonale fideoklip fan it jier (solo-artyst) ynternasjonale fideoklip fan it jier (groep) ynternasjonale fideoklip fan it jier troch in Kanadees regisseur fan it jier post-production-fideoklip fan it jier pop-fideoklip fan it jier rock-/alternative fideoklip fan it jier hiphop-fideoklip fan it jier dance-fideoklip fan it jier MuchFACT-fideoklip fan it jier publykspriis foar fideoklip (Your Fave Video) publykspriis foar artyst/groep (Your Fave Artist or Group) publykspriis foar ynternasjonale artyst/groep (Your Fave International Artist or Group)

ôfskafte kategoryen bêste sinematografy meast besjoene fideoklip

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e MuchMusic Video Awards

Kategory:Kanadeeske muzykpriis Kategory:Popmuzykpriis Kategory:Rockpriis Kategory:Hiphoppriis Kategory:Dancepriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1990