Fauresmith is in plak yn Súd-Afrika. It leit 130 km besúdwesten fan Bloemfontein yn de gemeente Kopanong. It doarp waard ferneamd nei dûmny Phillip Faure en de Britske gûverneur fan de Kaapkoloanje sir Harry Smith. It is it op ien nei âldste doarp yn de provinsje Frijsteat.

Skiednis Doe't de blanken har yn de regio festige hienen, wie der ferlet fan in tsjerke. Sy woene der in pleats foar brûke. Nei in protte ûnderhannelings mei de Britske oerheid, dy't oars neat opsmieten, waard der in tydlike tsjerke boud by de pleats "Sannahspoort" - dêr't no Fauresmith leit. Letter kocht de tsjerkeried Sannahspoort foar 14.000 riksdollars (£1050).

Der waard fuortendaliks útein set mei de ferkeap fan stikken grûn om in permaninte tsjerke sette te kinnen, op betingst dat der op dy ferkochte perselen gjin alkoholyske drank ferkocht wurde mocht. De ferkeap fan grûn wie foar de tsjerke yn dy tiid de grutste boarne fan ynkomsten. De selsstannige tsjerkegemeenten fan no yn de omkriten, Philippolis, Trompsburg, Edenburg, Petrusburg, Koffiefontein, Luckhoff en in grut part fan Jacobsdal, hearden eartiids allegear by de gemeente fan Fauresmith .

Op 30 augustus 1851 wie der in wichtige gearkomst Sannahspoort. De titel fan de notulen wie "Fauresmith."

Nei Bloemfontein, wie Fauresmith de wichtichste stêd yn Oranje Frijsteat. De earste parlemintêre gearkomst moast út dy twa stêden in haadstêd fan de steat kieze. Bloemfontein krige de measte stimmen.

Kategory:Plak yn Frijsteat Kategory:Plak yn Súd-Afrika Kategory:Plak stifte yn 1842