thumb|David Bomberg, 0m 1925 David Garshen Bomberg (Birmingham; 5 desimber 1890 – Londen, 19 augustus 1957) wie in Ingelsk keunstskilder mei in soad ynfloed; hy wie ien fan de saneamde Whitechapel Boys.

Libben en wurk David Bomberg wie de sânde fan alve bern út in Poalsk-joadske ymmigrantehúshâlding. Yn 1895 ferfear de húshâlding nei Whitechapel yn de Eastein fan Londen; dêr sette er as jonge fan 15 út ein mei in oplieding ta litograaf. Tusken 1908 en 1910 studearre Bomberg keunstskiednis oan de Westminster School of Art by Walter Sickert. It jild foar syn stúdzje fertsjinne er as assistint yn it atelier fan John Singer Sargent, dy't him oantrune om fral fierder te learen oan de foaroansteande Slade School of Fine Art.

thumb|David Bomberg, Jeruzalem 1924 Mei in stipendium fan de Jewish Education Aid Society koe er oan de Slade School fierder studearje (1911–1913). Yn dy jierren moete er ûnder oaren Paul Nash, Stanley Spencer, Ben Nicholson, Mark Gertler en Isaac Rosenberg.

Yn 1913 reizge Bomberg mei Jacob Epstein nei Frankryk, dêr't er ûnder oaren kunde krige oan André Derain, Amedeo Modigliani en Pablo Picasso; yn syn lettere wurk is harren ynfloed werom te finen. Nei de Earste Wrâldkriich hold er ta yn Palestina (1923–1927), Marokko (1930), Grikelân (1930), Ruslân (1933) en Spanje (1934–1935). Fan 1945 oant 1953 wie er learaar oan de London South Bank University; syn studinten dêr wiene ûnder oaren Frank Auerbach, Dennis Creffield, Leslie Marr, Gustav Metzger en Leon Kossoff.

Literatuer , David Bomberg, 1967 : David Bomberg, Yale University Press (1988) ISBN 0-300-04194-2

Keppelings om utens artnet.de - Wurken (in kar) David Bomberg op de websideDie Farbe der Tränen: Der Erste Weltkrieg aus Sicht der Maler

Kategory:Ingelsk keunstskilder Kategory:Ingelsk soldaat Kategory:Britsk militêr yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Ingelsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Poalsk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1890 Kategory:Persoan stoarn yn 1957