De stad el-Ajûn as al-Ajûn (Arabysk: العيون, Frânsk: Laâyoune, Spaansk: El Aaiún) is de offisjele haadstêd fan de Arabyske Demokratyske Republyk Sahara (ADRS), in eardere Spaanske koloanje dy't no foar it grutste part yn Marokkaanske hannen is. Ek al-Ajûn wurdt beset troch Marokko. It bestjoerssintrum fan de ADRS is sadwaande feitlik de ynterimhaadstêd Bir Lehlou, dy't wol yn hannen fan de ADRS is. It is de grutste stêd yn de Westlike Sahara.

"El Aaiún" is de Spaanske transliteraasje fan de stedsnamme; "Laâyoune" is in Frânske transliteraasje dy't yn de Marokkaanske literatuer brûkt wurdt. De Arabyske namme betsjut "de boarnen".

De Keninklike Marokkaanske loftmacht hat in basis op de lofthaven fan Al-Ajoen dy't mei Northrop F-5-jachtfleantugen fleant.

It haadkertier fan de MINURSO-missy fan de Feriene Naasjes húsmannet yn al-Ajûn.

Sport Al-Ajûn hat in proffuotbalclub yn de Marokkaanske GNF 1, mei de namme Jeunesse Massira. Jeunesse spilet al sûnt de promasje yn 1994/95 sûnder brek yn de GNF 1.

Stêdebânnen In kar: Itaalje, Florence Spanje, Malaga, Urûguay, Montevideo,

Keppelings om utensk Laayoune: Metropolis in the sand Offisjeel tillefyzjekanaal Offisjeel radiokanaal

Kategory:Plak yn de Westlike Sahara Kategory:Haadstêd yn Afrika Kategory:Plak stifte yn 1928