De kjifstikelbaarcheftigen (wittenskiplike namme: Hystricomorpha) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia). De wittenskiplike namme fan dizze taksonomyske groep is foarme út it Latynske hystrix, "kjifstikelbaarch", en it Grykske μορφή (morphē), "foarm", en kin dus oerset wurde as de "kjifstikelbaarchfoarmigen".
Taksonomy De kjifstikelbaarcheftigen foarmje ien fan 'e fiif grutte ûnderskiften fan 'e kjifdieren. De groep falt sels wer útinoar yn 'e tuskenskiften fan 'e kaamfingers (Ctenodactylomorphi) en de kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi). Ta de kjifstikelbaarchdieren hearre û.m. de kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae), de kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontidae), de beverrotten (Myocastoridae) en de kavia-eftigen (Caviidae).
Untwikkeling en fersprieding It ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen is nei alle gedachten yn Aazje ûntstien. De âldst bekende fossilen komme allegear út Aazje, en hearre ta de famyljes fan 'e kaamfingers of gûndys (Ctenodactylidae) en de útstoarne Chapattimyidae. Tsjintwurdich komme de kaamfingers inkeld noch yn Noard-Afrika foar. Ek de âldste kjifstikelbaarcheftigen, de Tsaganomyidae, dêr't wierskynlik alle moderne soarten út fuortkommen binne, libben yn Aazje. Tsjintwurdich omfettet it ûnderskift sa'n 300 soarten dy't ferdield binne oer likernôch 80 skaaien en hast 20 famyljes. Dêrfan is it grutste part lânseigen yn Súd-Amearika, mei in stikmannich yn Afrika en Súd-Aazje en mar ien elk yn Jeropa en Noard-Amearika.
Klassifikaasje
ûnderskift kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha) famylje Laotiaanske rotsrotten (Diatomyidae) famylje Tsaganomyidae † tuskenskift kaamfingers (Ctenodactylomorphi) famylje Chapattimyidae † famylje Cylindrodontidae † famylje Ivanantoniidae † famylje kaamfingers of gûndys (Ctenodactylidae) famylje Sciuravidae † tuskenskift kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi) famylje kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae) lytsskift Afrikaanske kjifstikelbaarchdieren (Phiomorpha) famylje Afrikaanske rotsrotten (Petromuridae) famylje Myophiomyidae † famylje Diamantomyidae † famylje Kenyamyidae † famylje Phiomyidae † famylje reidrotten (Thryonomyidae) boppefamylje Afrikaanske molrotten en sibben (Bathyergomorpha) famylje Afrikaanske molrotten (Bathyergidae) famylje Bathyergoididae † lytsskift kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha) boppefamylje kavia-eftigen (Cavioidea) famylje agûtys en akûtsjys (Dasyproctidae) famylje Eocardiidae † famylje kavia-eftigen (Caviidae) famylje paka's (Cuniculidae) famylje pakarana's (Dinomyidae) boppefamylje kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontoidea) famylje kjifstikelbargen fan de Nije Wrâld (Erethizontidae) boppefamylje skynrôteftigen (Octodontoidea) famylje beverrotten (Myocastoridae) famylje hûtia's (Capromyidae) famylje kaamrotten (Ctenomyidae) famylje reuzehûtia's (Heptaxodontidae) † famylje skynrotten (Octodontidae) famylje stikelrotten (Echimyidae) boppefamylje tsjintsjilla-eftigen (Chinchilloidea) famylje Neoepiblemidae † famylje tsjintsjillarotten (Abrocomidae) famylje wolmûzen (Chinchillidae)
Kategory:Kjifdier