Malcolm X (berne as: Malcolm Little en ek bekend as: Malik El-Shabazz en El-Hajj Malik El-Shabazz, fan it Arabyske الحاجؑ مالك الشبازؑ, al-Ḥaǧǧ Malīk al-Šabāzz; Omaha (Nebraska), 19 maaie 1925 – New York (New York), 21 febrewaris 1965), wie in Amerikaansk minskerjochte-aktivist, islamitysk predikant en publisist fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy rekke as bern beide âlden kwyt en groeide fierhinne op yn in rige pleechgesinnen. As tsiener rekke er op it ferkearde paad, en mei 20 jier bedarre er yn it tichthûs, dêr't er yn oanrekking kaam mei de Nation of Islam. Dêr joech er him by, en nei syn frijlitting klom er al rillegau op ta ien fan 'e liedingjaande posysjes yn dy organisaasje.

In jier as tolve lang preke Malcolm X it gedachteguod fan 'e Nation of Islam, dat in ôfwikende foarm fan 'e islaam en in swart rasisme omfieme. As sadanich kaam er kear op kear yn botsing mei net inkeld de hearskjende noarmen en wearden yn it doetiidske Amearika, mar ek mei mear moderate boargerrjochte-aktivisten. Likernôch in jier nei't er yn 1964 desyllúzjonearre de Nation of Islam de rêch takearde, waard er fermoarde troch trije leden fan de organisaasje. Hoewol't Malcolm X noch altyd in kontroversjeel figuer is, wurdt er rûnom beskôge as de wichtichste lieder fan 'e swarten yn de Feriene Steaten yn 'e twadde helte fan de tweintichste iuw nei Martin Luther King, en as ien fan de ynfloedrykste lieders dy't de Afro-Amerikaanske mienskip ea fuortbrocht hat.

Libben Jonkheid Malcolm X waard yn 1925 ûnder de namme Malcolm Little berne yn Omaha, yn 'e steat Nebraska, as de fjirde fan sân bern yn it gesin fan Earl Little, dy't ôfkomstich wie út 'e steat Georgia, en dy syn frou Louise Norton, dy't fan it Karibyske eilân Grenada kaam. Earl Little wie in baptistysk lekepreker en de pleatlike foarsitter fan 'e UNIA, dy't him ynspirearje liet troch de panafrikanistyske aktivist Marcus Garvey en gjin blêd foar de mûle naam. De Omahaster ôfdieling fan de rasistyske Ku Klux Klan beskôge Little syn aktiviteiten yn 'e UNIA as "it meitsjen fan problemen", en nei ferskate bedrigings wie it gesin yn 1926 twongen om 'e stêd te ferlitten.

De Littles wennen in skoftke yn Milwaukee, yn 'e steat Wiskonsin, mar fêstigen har úteinlik yn Lansing, yn Michigan. Dêr krigen se te meitsjen mei de aktiviteiten fan in oare blanke rasistyske groep, it Swarte Legioen. Yn 1929 baarnde it hûs fan 'e Littles oan 'e grûn ta ôf, en Earl Little beskuldige doe it Swarte Legioen fan belutsenens. Yn 1931, doe't Malcolm X seis jier wie, kaam syn heit om by wat offisjeel in ferkearsûngelok hiet te wêzen, al beskôge syn mem it as moard troch leden fan it Swarte Legioen. Ien fan 'e beide fersekeringsmaatskippijen dêr't Earl Little in libbensfersekering by ôfsletten hie, bewearde dat er selsmoard dien hie, sadat se wegerje koene om 'e fersekering út te beteljen. Sadwaande waarden Malcolm X en syn mem en bruorren en susters nei syn heite dea yn de earmoede stoart. Se moasten in diel fan harren tún ferhiere en de jonges giene op jacht om it gesin itende te hâlden.

Yn 1937, doe't Malcolm X tolve jier wie, rekke syn mem swier fan in man dêr't hja mei omgie en fan wa't hja ferwachte dat er mei har trouwe soe. Doe't dyselde lykwols foar 't ferstân krige dat se fan him yn ferwachting wie, spile er fan ruten. Ein 1938 stoarte Louise Little emosjoneel yn, en waard se opsletten yn it psychiatrysk sikehûs fan Kalamazoo. De bern waarden útinoar helle en nei pleechgesinnen stjoerd. It soe 24 jier duorje foar't Malcolm X en syn bruorren en susters de frijlitting fan harren mem bewurkmasterje koene. Op 'e middelbere skoalle koe Malcolm X goed meikomme, mar hy hold op mei learen nei't ien fan syn blanke ûnderwizers tsjin him sein hie dat abbekaat wurden, wat syn dream wie, "gjin reälistysk doel foar in nikker" wie.

Kriminele jierren Oant syn njoggentjinde wenne Malcolm X ferskate jierren by syn healsuster Ella Little-Collins yn, te Roxbury, in fierhinne swarte buert yn Boston. Yn dy tiid ûnderhold er himsels mei in ferskaat oan baantsjes. Neitiid ferfear er nei Flint, yn Michigan, mar tsjin 1943 bedarre er yn Harlem, yn New York. Dêr joech er him oer oan in libben fan drugsdealen, gokken, ôfparsing en dieverij. Teffens wied er poaier en neffens syn meast resinte biografyen hied er út en troch ek sels seks mei manlju yn ruil foar jild. Yn Harlem stied er bekend as Detroit Red, om't er út Michigan kaam en fanwegen it rodzige hier dat er urven hie fan syn Skotske pake oan memmekant. Hy waard oproppen foar de tsjinstplicht, mar ôfkard doe't er by de keuring sei dat er graach nei it Suden ta stjoerd wurde woe om "nikkersoldaten te organisearjen [...] en guon gewearen te stellen om blanken mei dea te sjitten."

Ein 1945 kearde Malcolm X werom nei Boston, dêr't hy en fjouwer oaren in rige ynbraken diene by rike blanke gesinnen. Begjin 1946 waard er arrestearre doe't er in stellen horloazje ophelje woe dat er reparearje litten hie, en yn febrewaris fan dat jier begûn er oan in finzenisstraf fan acht oant tsien jier foar ynbraak en heling. Yn it tichthûs krige Malcolm X kunde oan John Bembry, in eigenûnderrjochte man dy't er letter omskriuwe soe as "de earste man dy't ik ea folslein respekt ôftwingen sjoen hie... mei wurden." Under ynfloed fan Bembry begûn er alles te lêzen dat er besette koe.

Nation of Islam It wie om dy tiid hinne dat ferskaten fan syn bruorren en susters yn har brieven oan Malcolm X oer de Nation of Islam begûnen te skriuwen. Dat wie doedestiden in relatyf nije religieuze beweging dy't in ôfwikende foarm fan 'e islaam preke en dêropta in swart rasisme. De Nation hold út dat swarten it oarspronklike folk fan 'e wrâld wiene, en dat blanken net mear as demoanen wiene. Dêrút folge dat swarten superieur wiene oan blanken. Ek leaude de Nation of Islam dat de ûndergong fan it blanke ras noch mar in kwestje fan tiid wie. Boppe-al woe de Nation dat de Afro-Amerikanen selsfoarsjennend wurde soene, sadat se net mear fan 'e blanken ôfhinklik wiene. It eindoel wie om alle swarten (de "Afrikaanske diaspoara") nei Afrika weromkeare te litten, dêr't se yn frijheid en isolaasje fan 'e rest fan 'e wrâld in eigen bestean opbouwe kinne soene.

Yn 't earstoan hie Malcolm X, dy't ateïst wie, gjin belangstelling foar sokke fratsen, mar úteinlik liet er him yn 1948 troch syn broer Reginald oerhelje. Hy hold op fan smoken en wegere noch langer bargefleis te iten. Doe't er syn libben oertocht, kaam er ta de konklúzje dat eltse relaasje dy't er ea mei in blanke hân hie, ferwrongen wie troch ûnearlikens, ûnrjocht, ynklauwerigens en haat. It wie foar him dan ek net dreech om oan te nimmen dat alle blanken demoanen wiene. Ein 1948 skreau er in earste brief oan Elijah Muhammad, de lieder fan 'e Nation of Islam, dy't útrûn op in jierrenlange briefkerij. Koarte tiid letter joech er him formeel by de organisaasje. Yn 1950 naam er de namme "Malcolm X", wêrby't de X stie foar syn oarspronklike Afrikaanske famyljenamme dy't him troch blanke slavehâlders foargoed ûntnomd wie.

Nei't er yn augustus 1952 frijkommen wie, besocht Malcolm X Elijah Muhammad yn Chicago. Yn juny fan it folgjende jier waard er beneamd ta helppredikant fan Timpel Nûmer Ien, yn Detroit. Letter dat jier stifte er in nije timpel foar de Nation of Islam yn Boston, en yn 1954 waard er oansteld as haad fan 'e timpel yn Harlem. Malcolm X ûntjoech him ta in bejeftige sprekker, en it lidmaatskip fan 'e Harlemske timpel groeide dan ek fluch. Yn 1955 stifte er noch trije nije timpels, yn Springfield (Massachusetts), Hartford (Konnetikut) en Atlanta.

Yn 1957 rekke Malcolm X bekend by it Amerikaanske publyk, doe't er lieding joech oan in demonstraasje fan leden fan de Nation of Islam foar in Newyorksk plysjeburo dêr't trije leden fan 'e organisaasje fêstholden waarden dy't yngrepen hiene doe't se seagen hoe't in swarte troch ferskate blanke plysjes yninoarslein waard. De mannen wiene raar ôfseame mei plysjekneppels, en ien fan har, in Johnson Hinton, hie dêrby slim holleletsel oprûn, mar waard medyske soarch ûntsein. Nei't op befel fan Malcolm X fiifhûndert man fan 'e Nation of Islam it plysjeburo op militaristyske wize omsingele hiene, stie de plysje ta dat Hinton nei it sikehûs ta brocht waard. Nei't er syn doel berikt hie, makke Malcolm X in hângebeart nei de kliber lju bûtendoar, en dêrop draaiden de leden fan 'e Nation of Islam har as ien man om en joegen har yn stilte ôf. It wie in fertoan fan macht dêr't de blanken raar fan skrokken. Likegoed besleat in grand jury om 'e plysjes dy't Hinton en de oaren yninoarslein hiene, net te ferfolgjen.

Malcolm X syn radikale opfettings wiene net inkeld foar blanke Amerikanen in boarne fan soarch, mar foar moderate swarten krektsa. Lieders fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging makken him en de Nation of Islam út foar ûnferantwurdlike ekstremisten dy't de bredere Afro-Amerikaanske mienskip net fertsjintwurdigen en inkeld skea tabrochten oan 'e striid foar lykberjochtiging. Mar Malcolm X hie in like lege miening fan 'e Boargerrjochtebeweging. Hy neamde Martin Luther King in "omkoal" en de oare boargerrjochtelieders "sukkels" dy't nei de pipen fan it blanke regear dûnsen. Wylst de Boargerrjochtebeweging tsjin 'e rasseskieding focht, stie Malcolm X krekt in folsleine skieding tusken Afro-Amerikanen en blanken op alle mêden fan 'e maatskippij foar. De Boargerrjochtebeweging woe de swarten yntegrearje yn de Feriene Steaten troch har û.m. it kiesrjocht te jaan, mar de Nation of Islam ferbea syn leden om diel te nimmen oan it politike proses, en woe úteinlik alle swarten nei Afrika weromkeare litte, mei as tydlike tuskenoplossing de fêstiging fan in ûnôfhinklike swarte steat yn it Amerikaanske Suden, dy't Nij-Afrika komme moatte soe te hjitten. Malcolm X fersmiet ek de strategy fan pasifisme fan 'e Boargerrjochtebeweging, en sei dat swarten wat him oangie harsels op alle mooglike manearen ferdigenje en foarúthelpe moasten.

Syn boadskip hie in grutte ynfloed op syn taharkers, dat almeast jonge Afro-Amerikanen yn stêden yn it noarden en westen fan 'e Feriene Steaten wiene, dy't har nocht derfan hiene om almar wer te hearren dat se geduld dwaan moasten foar frijheid, gerjochtichheid, gelikensens en respekt. Hja fûnen dat Malcolm X harren rjochtlike griven in stik better ûnder wurden brocht as de tuike-tuike manear fan dwaan dy't de Boargerrjochtebeweging foar de moade hie. Op dy manear waard Malcolm X nei Elijah Muhammad de meast ynfloedrike lieder fan 'e Nation of Islam. It wie benammentlik oan him te tankjen dat de organisaasje yn de fyftiger jierren syn lidmaatskip omheech sjitten seach fan 500-1.200 lju oant wol 25.000-75.000 man (om't de Nation of Islam syn lidmaatskipssifers geheim hâldt, rinne de skattings datoangeande frijwat útinoar).

Tsjin 'e ein fan 'e jierren fyftich brûkte Malcolm X in nije namme, Malik El-Shabazz, hoewol't er by it grutte publyk bekend bleau as Malcolm X. Syn dwaan en litten krige no wiidweidich omtinken yn de Amerikaanske media, en syn útlittings waarden mei belangstelling of wearze (al neigeraden de lêzer) folge. Yn 1959 stjoerde de lokale telefyzje fan New York in dokumintêre oer him en de Nation of Islam út, ûnder de titel De Haat út Haat Fuortkommen. Yn 1960 waard er ûnder de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes útnûge op 'e offisjele resepsjes fan ferskate Afrikaanske lannen, en mette er de presidinten Gamal Abdel Nasser fan Egypte, Ahmed Sékou Touré fan Guinee, Fidel Castro fan Kuba en de lettere presidint Kenneth Kaunda fan Sambia.

Brek mei de Nation of Islam