thumb|Auguste Escoffier yn 1914 Georges Auguste Escoffier (Villeneuve-Loubet, 28 oktober 1846 – Monte Karlo (Monako), 12 febrewaris 1935) wie in Frânske sjef-kok. Hy waard foaral bekend fan syn kulinêre genialiteit en syn herfoarmingen yn de organisaasje fan grutte keukens.
Escoffier wie sjef-kok yn Parys en ferskate lúksueuze hotels yn Europa, benammen yn Londen. Syn namme krige foaral klank troch syn boek Le Guide culinaire. Dat boek hat de âlde Frânske klassike itensiederij (la cuisine classique) herfoarme. De grutmaster Auguste Escoffier hat de fûneminten foar de Frânske itensiederskeunst fan no lein. Doe't Escoffier dwaande wie mei syn boek hie er de âlde styl fan itensieden yn 'e holle, mar geandewei brocht er spesjaliteiten fan oare lannen yn. Dêrom wie er de grûnlizzer fan de ynternasjonale itensiederskeunst, in wichtige ûntjouwing, dy't hjoed-de-dei as in part fan de Frânske gastronomy sjoen wurdt. Marie-Antoine Carême wie de 'kok fan keningen', Auguste Escoffier wie 'kening fan koks'. De teffens tige ferneamde Frânske kok Bocuse út Lyon hat de styl fan Escoffier fierder útboud.
Ferneamde resepten
Tournedos Rossini. Ferneamd nei de komponist Rossini. Pêche melba. Ferneamd nei Nellie Melba, in Australysk sjongster. De melbatoast is ek troch him betocht.Wat is Melba Toast? Poire belle Hélène, par yn slachrjemme en sûkelarje, ferneamd nei de opera La belle Hélène fan Jakkes Offenbach. Crêpe Suzette, tinne flitters yn karamelisearre bûter mei sûker, sinesappel, sinesappelskyl en flambearre yn Grand Marnier, opdroegen oan Suzette, dy't de Prins fan Wales Edward VII beselskippe. Fraises Wilhelmine, yn sinesappelsop, poeiersûker en kirsch marinearre ierdbeien, servearre mei slachrjemme mei fanylje. Ferneamd nei Keninginne Wilhelmina.
Bibliografy 1886 - Le Traité sur l' art de Travailler les Fleurs en Cire 1903 - Le guide culinaire, help yn de praktyske keuken. Yn 'e mande mei Philéas Gilbert en Émile Fétu. Yn Nederlân: Het Kookboek van de Klassieke Keuken. 1911 - Le Carnet d'Epicure 1912 - Le livre des menus, oanfolling fan Le guide culinaire. 1927 - Le Riz, 120 resepten foar rysmielen 1929 - La Morue, kabeljaumielen 1934 - Ma Cuisine, yn it Nederlânsk ferskynd as Escoffier voor iedereen; resepten foar de amateurkok. 1985 - Souvenirs inédits, notysjes oer syn libben, byinoar garre troch syn pakesizzer.
Kategory:Frânsk kok Kategory:Frânsk itensiedersboekeskriuwer Kategory:Oksitaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1846 Kategory:Persoan stoarn yn 1935