Dirk Jan Jacob Hellema (Bûtenpost, 11 july 1872 - Apeldoorn, 11 maaie 1947) wie in Nederlânsk boargemaster.

Hellema wie in soan fan Willem Hellema, boargemaster fan Achtkarspelen en notaris, en Voske Kuipers (1833-1873). Hy troude mei Willemina Johanna Römer (1875-1936).

Hellema waard 1901 beneamd as boargemaster fan de gemeente Gruttegast.Algemeen Handelsblad, 3 july 1901, s. 2 Yn 1909 folge syn beneaming yn Saandyk.De Tijd, 15 oktober 1909 Hy waard per 1 febrewaris 1935 op eigen fersyk ûntslein en by dy gelegenheid beneamdd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.De banier, 5 jannewaris 1935, s. 5

Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Bûtenpost Kategory:Persoan berne yn 1872 Kategory:Persoan stoarn yn 1947