Jan Kooistra (Damwâld, 3 febrewaris 1950 - Ljouwert, 21 jannewaris 2021) wie in keunstskilder, bekend wurden mei akwarellen fan blommen, de Waadsee, Fryske lânskippen en oare ûnderwerpen.
Hy makke ek oaljeferveskilderijen. Syn wurk is figuratyf mei dúdlike details. Sels neamde er syn styl 'ferdreamde werklikheden' of bytiden 'skildereftich realisme'.
Jan Kooistra wie in autodidakt dy’t, foardat er him folslein op it skilderjen talei, in kleanwinkel yn Damwâld hie. Hy hie in galery yn Dokkum oan de Djipswâl.
Hy hie grutte eksposysjes yn ûnder oaren Kastiel Groeneveld yn Baarn, it Singer Museum yn Laren, Hotel Des Indes yn De Haach en de Floriade yn Zoetermeer. Hy wie te sjen yn telefyzjeprogramma's, lykas by de Avro, en de EO makke in portret fan syn wurk yn it programma ''In beeld ... Jan Kooistra.
Kooistra stoar op 21 jannewaris 2021 nei in koart siikbêd yn de âldens fan 70 jier yn it MCL.RTVNOF
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Dantumawâld Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1950 Kategory:Persoan stoarn yn 2021