Jan Kooistra (Wâlterswâld, 15 febrewaris 1959) is in Frysk dichter. Hy wennet yn Anloo (Drinte), mar is hikke en tein yn Wâlterswâld. Nei de middelbere skoalle folge er de oplieding foar ûnderwizer oan de Pedagogyske Akademy yn Dokkum. Nei dy oplieding studearre er Nederlânsk yn Ljouwert en Grins.

Kooistra waard yn 1980 wat bekend mei it gedicht 'Himpen yn de simmerreen' yn De striid om de gouden lier, in tf-útstjoering fan de finale fan it Nationaal Concours Zondagsdichters organisearre troch it CPNB om it hûndertjierrich bestean te fieren. De sjuery wie de Fryske taal net machtich en koe it gedicht net goed beoardiele. De 'winner fan de Fryske lânstreek' krige dêrom in earfolle fermelding.

Kooistra debutearre yn it literêre tydskrift Hjir dêr't er fan 1983 oant 1998 yn de redaksje siet. Hy publisearre fierder ûnder oare yn de Fryske Skriuwerskalinder, Operaesje Fers en Literair Akkoord. Sûnt 2018 is hy lid fan it Frysk dichterskollektyf Rixt en binne der gedichten fan him op dy webside te finen. Ek publisearret er noch yn it Fryske tydskrift Ensafh.

De gedichten yn syn earste bondels binne noch skreaun yn it Wâldfrysk. Letter skeakele Kooistra oer yn it standertfrysk. Syn gedichten binne meast klankryk en ritmysk en geane oer tema’s as leafde, langstme en minsklik tekoart, faak kombinearre mei de natuer en de seizoenen.

Bibliografy 1981 : Ballads 1984 : De Sulveren Apels fan de Moanne 1992 : Dame fan myn Dagen 1998 : Gershipper 2014 : Blues fan 'e sângrûn

Prizen 1995 : Rely Jorritsmapriis foar De Komst fan Romeo 1996 : Rely Jorritsmapriis foar De Dei fan de Gershipper

Keppelingen om utens Fryske literatuerside fan Jelle van der Meulen Rixt Frysk dichterskollektyf, Yn it Ingelsk Keppelfeest Wâlterswâld, dichter Jan Kooistra draacht Werom nei Wâlterswâld foar by syn bertehûs Achter de Hale 5.

Kategory:Frysk dichter Kategory:Persoan berne yn Wâlterswâld Kategory:Persoan berne yn 1959