Jan Kooistra (Mitselwier, 22 novimber 1894 - ?) wie in Nederlânsk boargemaster fan Frysk komôf yn de Twadde Wrâldoarloch foar de NSB.

Libben en wurk Kooistra waard 1894 yn Mitselwier berne as soan fan timmermansfeint Jan Kooistra en Minke Jans Fransbergen. Nei syn beropsoplieding wie Kooistra ûnder mear boukundich opsichter yn Veendam en yn Emmen en gemeenteopsichter yn Hoogeveen. Yn Emmen wie er learaar tekenjen oan in faktekenskoalle. Kooistra wie lid fan de NSB. Augustus 1943 waard er beneamd ta boargemaster fan it Drintske Anloo.Spaarnestad: "De nieuwe burgemeester van Anloo, NSB-er, dhr. Jan Kooistra, spreekt na zijn installatie de gemeenteraad toe" Hy ferfong boargemaster Engelenburg dy't troch de Dútske besetter dien krige hie. Kooistra wie tige pro-Dútsk en in fûleindich NSB'er. As boargemaster fan Anloo krewearre er foar it twongen oan 't wurk setten fan arbeiders út syn gemeente yn Dútslân, de saneamde Arbeitseinsatz.Brood 2009:202

Nei de oarloch waard er fêstset. In fersyk om fuortendaliks frij litten te wurden waard yn 1947 troch it Asser tribunaal ôfwiisd.Nieuwe Leidsche Courant d.d. 12 febrewaris 1947

Kooistra troude op 24 septimber 1920 yn Veendam mei Stientje Luken.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk faksist Kategory:Frysk krimineel Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:NSB-politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk faksist Kategory:Nederlânsk krimineel Kategory:Persoan feroardiele foar lânferrie Kategory:Dielnimmer oan de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Mitselwier Kategory:Persoan berne yn 1894 Kategory:Persoan stoarn yn de 20e iuw