N.K. Jemisin (folút: Nora K. Jemisin; Iowa City (Iowa), 19 septimber 1972), is in Amerikaansk skriuwster, essayiste, blochster, psychologe, universiteitsdekaan en aktiviste fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Har oeuvre heart ta de sjenres fan 'e fantasy en science fiction. Jemisin is iepentlik biseksueel, en hat ferskate kearen nominearre west foar prestizjeuze literêre prizen yn har sjenres, wêrûnder de Hugo Award, de Nebula Award en de World Fantasy Award. Fan 2016 oant 2018 wûn se trijeris op rige de Hugo Award yn 'e kategory bêste roman.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding N.K. Jemisin waard yn 1972 berne yn Iowa City, yn 'e steat Iowa. Hja brocht har jonkheid foar in diel troch yn 'e stêd New York en foar in diel yn Mobile, yn it súdlike Alabama, dêr't har famylje wei kaam. Se hie yn dy tiid in nauwe bân mei har folle neef W. Kamau Bell, dy't letter bekend wurde soe as komyk en dokumintêremakker. Jemisin studearre fan 1990 oant 1994 oan 'e Tulane Universiteit yn New Orleans, yn Louisiana, dêr't se in bachelorstitel yn psychology helle. Neitiid sette se dy oan 'e Universiteit fan Marylân College Park, yn College Park, om yn in masterstitel yn psychology en ûnderwiiskunde. Jemisin wenne letter tsien jier lang yn 'e noardeastlike steat Massachusetts, foar't hja har úteinlik nei wenjen sette yn 'e Newyorkske wyk Brooklyn, dêr't se wurket as universiteitsdekaan.
Skriuwkarriêre Jemisin begûn te skriuwen doe't se tsien jier âld wie, mar se is wisberet dat har iere skriuwerij, yn har eigen wurden, "nea it deiljocht sjen sil." Yn 2002 folge se de Viable Paradise-skriuwworkshop, wêrnei't se ferskate koarte ferhalen begûn te publisearjen. Se foarme ûnderdiel fan 'e skriuwersgroep de BRAWLers, út 'e omkriten fan Boston, en is tsjintwurdich in lid fan 'e skriuwersgroep Altered Fluid, út New York.
Yn 2010 kaam Jemisin har earste boek út, The Hundred Thousand Kingdoms, dat mei loovjende kritiken ûntfongen waard en har in Locus Award foar bêste fantasyroman, in Japanske Sense of Gender Award en nominaasjes foar ferskate oare prizen opsmiet. Fan har folgjende boeken diene fral The Broken Kingdoms, The Killing Moon, The Shadowed Sun, The Fifth Season, The Obelisk Gate en The Stone Sky it goed. Dy trije lêste boeken (dy't de trilogy The Broken Earth foarmje) waarden yn 2016, resp. 2017 en 2018 bekroane mei in prestizjeuze Hugo Award, de heechste literêre priis foar fantasy- en science fiction-boeken, yn 'e kategory bêste roman. Jemisin is de iennichste auteur dy't dy priis trije kear efterinoar wûn hat. Dêrnjonken hat se noch trije kear nominearre west foar in Hugo Award, fjouwer kear foar in World Fantasy Award en seis kear foar in Nebula Award.
Yn july 2016 sei Jemisin har baan op om har fulltime oan har skriuwkarriêre te wijen. Sûnt jannewaris 2016 skriuwt se fierders ienris yn 'e twa moannen de kollumn Otherworldly yn 'e krante The New York Times. Har fiksje ferkent in wiid útinoar rinnend ferskaat oan tema's en motiven, wêrûnder kulturele en seksuële konflikten en de dêrút fuortkommende ûnderdrukking. N.K. Jemisin hat har sûnt likernôch 2012 ferset tsjin alle foarmen fan rasisme, seksisme en homofoby yn 'e science fiction- en fantasy-subkultuer fan 'e Feriene Steaten. Se docht dat û.m. troch sokke saken oan 'e kaak te stellen op har blôch. Dit krewearjen hat har sawol freonen as fijannen oplevere.
Under har taspraak foar it Continuum-sympoasium yn Austraalje, yn 2013, wiisde Jemisin derop dat 10% fan 'e leden fan 'e Science Fiction and Fantasy Writers of America (SFWA) derfoar stimd hie om 'e skriuwer Theodore Beale (ek bekend as Vox Day), in lid fan 'e ekstreem-rjochtse alt right-beweging, ta foarsitter te beneamen. Se neamde Beale "ien dy't himsels omskreaun hat as frouljushater, rasist, antysemyt en in noch pear oare smaken kloatsak," en wiisde derop dat it stilhâlden fan sokke dingen itselde wie as se mooglik te meitsjen. Beale reägearre troch Jemisin út te meitsjen foar in "ûnderrjochte mar ûntwittende wylde". In link nei dy opmerkings waard op 'e Twitterside fan 'e SFWA pleatst, wêrnei't Beale út 'e organisaasje set waard.
Wurk Romans de Inheritance-trilogy 2010 – The Hundred Thousand Kingdoms 2010 – The Broken Kingdoms 2011 – The Kingdom of Gods 2014 – The Inheritance Trilogy (omnibusedysje fan The Hundred Thousand Kingdoms, The Broken Kingdoms en The Kingdoms of Gods) 2014 – The Awakened Kingdom (in novelle yn deselde wrâld) 2015 – Shades in Shadows (in roman yn deselde wrâld) The Dreamblood-duology 2012 – The Killing Moon 2012 – The Shadowed Sun 2016 – The Dreamblood Duology (omnibusedysje fan The Killing Moon en The Shadowed Sun) The Broken Earth 2015 – The Fifth Season 2016 – The Obelisk Gate 2017 – The Stone Sky Great Cities-trilogy 2019 – The City We Became 2022 – The World We Make
Koarte fiksje blomlêzings 2014 – Systems Fail (mei Hiromi Goto)
koarte ferhalen 2004 – L'Alchimista (yn Scattered, Covered, Smothered) 2004 – Too Many Yesterdays, Not Enough Tomorrows (yn Ideomancer) 2005 – Red Riding-Hood's Child (yn Fishnet) 2005 – Cloud Dragon Skies (yn Strange Horizons) 2007 – The You Train (yn Strange Horizons) 2007 – The Narcomancer (yn Helix, werprinte yn Transcriptase) 2007 – The Brides of Heaven (yn Helix, werprinte yn Transcriptase) 2007 – Bittersweet (yn Abyss and Apex) 2008 – Playing Nice With God's Bowling Ball (yn Baen's Universe) 2009 – The Dancer's War (yn Like Twin Stars: Bisexual Erotic Stories) 2009 – Non-Zero Probabilities (yn Clarkesworld Magazine) 2010 – Sinners, Saints, Dragons, and Haints in the City Beneath the Still Waters (yn Postscripts) 2010 – On the Banks of the River Lex (yn Clarkesworld Magazine) 2011 – The Effluent Engine (yn Steam-Powered: Lesbian Steampunk Stories) 2011 – The Trojan Girl (yn Weird Tales) 2011 – 1929: the Singular Taffy Puller 2012 – Valedictorian (yn After: Nineteen Stories of Apocalypse and Dystopia) 2014 – Walking Awake 2014 – Stone Hunger 2016 – The City Born Great
Essay's 2012 – WisCon Blogs: Documents of Conversation and Struggle (mei Saladin Ahmed, K. Tempest Bradford, Amal El-Mohtar, Woodrow Jarvis Hill, Shweta Narayan en Shveta Thakrar) 2013 – How Long 'til Black Future Month? The Toxins of Speculative Fiction, and the Antidote That Is Janelle Monáe 2014 – Dreaming Awake 2014 – There's No Such Thing As a Good Stereotype 2014 – Fantastic Profanity 2014 – Why I Think RaceFail Was the Bestest Thing Evar for SFF 2014 – Guest of Honor Speech for Continuum IX 2014 – Time to Pick a Side
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2004The Year's Best Fantasy and Horror, 18th Collectionwûnearfolle fermeldingL'Alchimista2010Goodreads Choice Awardnominearrebêste romanThe Hundred Thousand KingdomsHugo Awardnominearrebêste koarte ferhaalNon-Zero ProbabilitiesJames Tiptree, Jr. Awardnominearren.f.t.The Hundred Thousand KingdomsNebula Awardnominearrebêste romanThe Hundred Thousand Kingdomsnominearrebêste koarte ferhaalNon-Zero ProbabilitiesRomantic Times Reviewers' Choice Awardnominearreepyske fantasyromanThe Hundred Thousand Kingdomswûnbêste fantasyromanThe Broken Kingdoms2011David Gemmell AwardnominearreDavid Gemmell Morningstar Award for Best Fantasy NewcomerThe Hundred Thousand KingdomsIAFA William L. Crawford Fantasy Awardnominearren.f.t.The Hundred Thousand KingdomsHugo Awardnominearrebêste romanThe Hundred Thousand KingdomsLocus Awardwûnbêste fantasyromanThe Hundred Thousand KingdomsRomantic Times Reviewers' Choice Awardnominearreepyske fantasyromanThe Kingdom of GodsSense of Gender Award (Japansk)wûnn.f.t.The Hundred Thousands KingdomsWorld Fantasy Awardnominearrebêste romanThe Hundred Thousand Kingdoms2012Nebula Awardnominearrebêste romanThe Kingdom of GodsRomantic Times Reviewers' Choice Awardwûnbêste fantasyromanThe Shadowed Sun2013Nebula Awardnominearrebêste romanThe Killing MoonWorld Fantasy Awardnominearrebêste romanThe Killing Moon2015Nebula Awardnominearrebêste romanThe Fifth Season2016Hugo Awardwûnbêste romanThe Fifth SeasonLocus Awardnominearrebêste romanThe Fifth SeasonNebula Awardnominearrebêste romanThe Obelisk GateWorld Fantasy Awardnominearrebêste romanThe Fifth Season2017Hugo Awardnominearrebêste koarte ferhaalThe City Born Greatwûnbêste romanThe Obelisk GateWorld Fantasy Awardnominearrebêste romanThe Obelisk Gate2018Hugo Awardwûnbêste romanThe Stone SkyLocus Awardwûnbêste fantasyromanThe Stone SkyNebula Awardwûnbêste romanThe Stone Sky
Keppelings om utens Offisjele webside fan N.K. Jemisin
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk science fiction-skriuwer Kategory:Amerikaansk essayist Kategory:Amerikaansk blogger Kategory:Amerikaansk kollumnist Kategory:Amerikaansk psycholooch Kategory:Amerikaansk minskerjochte-aktivist Kategory:Homorjochte-aktivist Kategory:Frouljusrjochte-aktivist Kategory:Amerikaansk skriuwer fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk aktivist fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1972