De fleanende iikhoarntsjes of fleanhoarntsjes (wittenskiplike namme: Pteromyini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en de ûnderfamylje fan 'e echte iikhoarntsjes (Sciurinae). Ta dizze tûke hearre 48 soarten, wêrfan't trije noch mar koartby ûntdutsen binne, ferdield oer fyftjin skaaien yn 2 ûndertûken.
De fleanende iikhoarntsjes binne nachtdieren, dy't benammen yn Súd-, Súdeast- en East-Aazje libje, mei twa soarten yn Noard-Amearika en ien dy't oant yn noardeastlik Jeropa foarkomt. Dizze bisten kinne, oars as dat de namme hawwe wol, net echt fleane, mar se hawwe in losse hûdflap tusken de foar- en efterpoaten dy't se strak lûke kinne troch de poaten te sprieden. Dy hûdflap stelt har by steat om in beskate ôfstân te sweven.
Tûke-opbou
tûke fleanende iikhoarntsjes of fleanhoarntsjes (Pteromyini) ûndertûke blaugrize fleanende iikhoarntsjes (Glaucomyina) skaai dwerchfleanhoarntsjes (Petaurillus): 3 soarten skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Nije Wrâld (Glaucomys): 2 soarten skaai Yndonezyske fleanende iikhoarntsjes (Iomys): 2 soarten skaai Yndyske fleanende iikhoarntsjes (Petinomys): 9 soarten skaai Kasjmierfleanhoarntsjes (Eoglaucomys): 1 soarte skaai pylksturtfleanhoarntsjes (Hylopetes): 10 soarten ûndertûke echte fleanende iikhoarntsjes (Pteromyina) skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Pteromys): 2 soarten skaai grutte swarte fleanende iikhoarntsjes (Aeromys): 2 soarten skaai hierpoatfleanhoarntsjes (Belomys): 1 soarte skaai Namdaphafleanhoarntsjes (Biswamoyopterus): 1 soarte skaai Noardsineeske fleanende iikhoarntsjes (Aeretes): 1 soarte skaai oarstoskige fleanende iikhoarntsjes (Trogopterus): 1 soarte skaai reekfleanhoarntsjes (Pteromyscus): 1 soarte skaai reuzefleanhoarntsjes (Petaurista): 11 soarten skaai rotsfleanhoarntsjes (Eupetaurus): 1 soarte
Kategory:Iikhoarntsje