De Noardamerikaanske reade iikhoarntsjes (Latynske namme: Tamiasciurus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e echte iikhoarntsjes (Sciurinae) en de tûke fan 'e echte beamiikhoarntsjes (Sciurini). Ta dit skaai hearre trije soarten iikhoarntsjes dy't foarkomme yn Noard- en Midden-Amearika. It binne sûnder útsûndering beambewenners mei plomsturten.

Soarten

skaai Noardamerikaanske reade iikhoarntsjes (Tamiasciurus) Amerikaansk read iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus) douglasiikhoarntsje of Douglas' iikhoarntsje (Tamiasciurus douglasii) Nederkalifornysk read iikhoarntsje (Tamiasciurus douglasii mearnsi) súdwestlik read iikhoarntsje (Tamiasciurus fremonti)

Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Iikhoarntsje