thumb|350x350px|Wengebiet fan de Azerbeidzjanen yn de Kaukasus en in de Midden-Easten De Azerbeidzjanen (Azery: Azərbaycanlılar) binne in Turksk folk of etnyske kloft dy't har oarsprong hat yn de Kaukasus en Sintraal-Aazje. In grut part is dêr altyd wenjen bleaun, benammen yn Azerbeidzjan, mar in protte binne ferspraat nei oare parten fan de wrâld. De Azerbeidzjanen hienen earder wichtige minderheden yn lannen as Iran, Geörgje, Ruslân, Turkije, Oekraïne, Kazakstan, Oezbekistan en Turkmenistan. Nei skatting wenje oer de hiele wrâld 35 oant 40 miljoen Azerbeidzjanen. Harren taal makket ûnderdiel út fan Ogoezyske of súdwestlike groep fan de Turkske talen. De Azerbeidzjanen hawwe meastepart it islamityske Sjiïsme as religy.
Harren oarspronklike thúslân lei yn Sintraal-Aazje fermoedlik en yn it súdeasten fan Mongoalje. Der wurdt ûnderskied makke tusken de "wiere" Azerbeidzjanen en de neisieten fan de tenearsten Persysk, letter Turkssprekkende, oarspronklike bewenners fan Azerbeidzjan.
Yn Nederlân wenje sa'n 18.000 Azerbeidzjanen.The Kingdom of the Netherlands: Bilateral relations: Diaspora, Foreign Affairs. Sjoen 17 jannewaris 2012
Sjoch ek Azerbeidzjan
Kategory:Etnyske groep yn Azerbeidzjan Kategory:Etnyske groep yn Armeenje Kategory:Etnyske groep yn Georgje Kategory:Etnyske groep yn Irak Kategory:Etnyske groep yn Iran Kategory:Etnyske groep yn Kazachstan Kategory:Etnyske groep yn Ruslân Kategory:Etnyske groep yn Turkije Kategory:Etnyske groep yn Turkmenistan Kategory:Turksk folk