Azerbeidzjaansk of Azeary (Azerbeidzjaansk: Azərbaycan dili) is ien fan de Turkske talen en de offisjele taal fan Azerbeidzjan. It is ek ien fan de offisjele talen fan 'e autonome republyk Dagestan yn Ruslân. Der binne sa'n 45-50 miljoen Azerbeidzjaansksprekkers. Bûten Azerbeidzjan wurdt de taal sprutsen troch Azerbeidzjaanske minderheden yn lannen fan it Midden-Easten, Sintraal-Aazje en de Kaukasus, lykas Iran, Georgje, Ruslân, Turkije, Irak, Syrje, de Oekraïne, Kazachstan, Oezbekistan en Turkmenistan. It Azerbeidzjaansk wurdt ek sprutsen troch in soad ymmigranten yn oare lannen, lykas Frankryk, it Feriene Keninkryk, Dútslân, de Feriene Steaten, Kanada, en Austraalje. It is in agglutinearjende taal mei fokaalharmony. Hiel faak wurdt it Azerbeidzjaansk as foarbyld neamd as der sprutsen wurdt oer agglutinearjende talen.

Besibbe talen It Azerbeidzjaansk makket diel út fan de famylje fan Turkske talen, dy't ek sprutsen wurde yn in grut part fan Sintraal-Aazje, en dy't sa'n grutte ûnderlinge sibskip hawwe, dat se foar it meastepart ûnderling fersteanber binne. De Turkske talen wurden op harren beurt rekkene ta de Altayske talen, dy't hegerop gearkomme mei de Oeralyske talen, alteast, neffens guon akademisy lykas de Eastenrykske taalkundige Hermann F. Kvergić. It grutte tal oerienkomsten yn 'e wurdskat tusken dy groepen talen, lykas it Altayske Turksk en it Oeralyske Finsk, spilet hjirby in grutte rol.

Skrift It Azerbeidzjaansk wurdt skreaun mei it Latynsk alfabet yn Azerbeidzjan, mei it Arabysk alfabet yn Iran en mei it Syrillysk alfabet yn Ruslân.

Sjoch ek Turkske talen

Keppeling om utens

Literatuer La Psychologie de Quelques Éléments des Langues Turques (Wenen 1935)

Kategory:Turkske talen Kategory:Taal yn Azerbeidzjan Kategory:Taal yn Armeenje Kategory:Taal yn Georgje Kategory:Taal yn Irak Kategory:Taal yn Iran Kategory:Taal yn Kazachstan Kategory:Taal yn Kirgyzje Kategory:Taal yn Oezbekistan Kategory:Taal yn Ruslân Kategory:Taal yn Turkmenistan