Mariah Carey (Huntington (New York), 27 maart 1969, is in Amerikaansk sjongster, lietsjeskriuwster, muzikante, aktrise, muzykprodusinte en filantrope fan mingd etnysk komôf, dy't bekend stiet om 'e hege noaten dy't se helje kin. Hja debutearre yn 1990 mei har nei harsels neamde earste album, dat yn 'e Feriene Steaten njoggen kear platina waard. Neitiid hat Carey noch mear as in tolvetal oare studio-albums útbrocht, wêrfan't de measten in tige súksesfol wiene. Guon fan har bekendste hits binne I'll Be There, Dreamlover, Hero, Without You en it noch altyd tige populêre krystnûmer All I Want for Christmas Is You. Hoewol't se úteinsette yn 'e R&B- en popsjenres, skode se ein jierren njoggentich stadichoan op nei hiphop. Oan it begjin fan 'e jierren 2000 waard se in hoart opnommen nei't se fysyk en emosjoneel ynstoart wie, wêr't troch de rabbersparse út en tenei oer berjochte waard. Neitiid rekke it mei har karriêre yn it neigean, oant se yn 2005 wer by de wâl opklaude en fannijs boppe-oan op 'e hitlisten stie. Underwilens hat Carey wrâldwiid mear as 200 miljoen platen ferkocht, wêrmei't se ien fan 'e bêst ferkeapjende muzykartysten aller tiden is. Har karriêre is bekroand mei fiif Grammy Awards en withoefolle oare prizen. Mariah krige yn 2015 in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.
Libben Jonkheid Mariah Carey waard berne op 27 maart 1969, yn Huntington, op Long Island, yn 'e steat New York, in lyts foarstedsje fan 'e stêd New York. Har heit, Alfred Roy Carey, wie fan mingd Afro-Amerikaansk en Latino (Fenezolaansk) etnysk komôf, wylst har mem, Patricia Hickey, Iersk bloed hie. Carey wie de efternamme dy't Mariah har Fenezolaanske pake, Francisco Núñez, oannaam nei't er yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw nei de Feriene Steaten ta emigrearre wie.
Carey har mem wie in operasjongster en sjongleraresse dy't tsjin 'e wil fan har famylje mei Carey har heit, in loftfearttechnikus, útnaaide en troude. Neitiid woe de Hickey-famylje neat mear te krijen hawwe mei Carey har mem, harsels, har âldere suster Alison en har jongere broer Morgan, fanwegen de skande dat in blanke frou mei in swarte man troud wie. Sadwaande identifisearret Carey har sterk mei de Afro-Amerikaanske mienskip, hoewol't sysels sa'n ljochte hûdskleur hat, dat se wol foar blank trochgean kin.
Carey har âldelju wrakselen mei har plak yn 'e mienskip, en skieden úteinlik doe't Carey trije jier wie. Alison bleau by har heit, wylst Mariah en Morgan by har mem kamen. Meitiid groeiden Carey en har heit útinoar, en úteinlik soe hja de bannen mei him hielendal ferbrekke. Nei ferskate drege jierren ferfear it gesin nei in mear woltierige buert fan New York, dêr't Carey fierder opgroeide. Op 'e legere skoalle begûn hja al gedichten te skriuwen en dêr meldijkes by te betinken, en blonk hja út by muzykles. Har stim trainde se fan bern ôf oan mei help fan har mem. Dy brocht har yn 'e kunde mei har eigen grutte leafde, de klassike opera, mar doe't dat Carey net folle dearde, sette se har net ûnder druk om dy kant út te gean, eat dêr't Carey har letter tige tankber foar wie. Op 'e middelbere skoalle kaam Carey yn 'e kunde mei de lettere sjonger en muzikant Gavin Christopher en de lettere muzykprodusint Ben Margulies. Mei-inoar wurken se oan Carey har lieten en makken se in demo-tape wêrmei't Carey in foet tusken de doar besocht te krijen by de grutte platelabels, wat kear op kear mislearre.
Sjongkarriêre Iere jierren Koart nei't Carey in lyts appartemintsje yn New York belutsen hie dat se dielde mei fjouwer oare studintes, rekke hja befreone mei de begjinnende popsjongster Brenda K. Starr. Yn desimber 1988 beselskippe se Starr nei in galajûn fan 'e muzykyndustry, dêr't se muzykprodusint Tommy Mottola, de baas fan platemaatskippij Columbia Records, har demotape yn 'e hannen treau. Dy besleat letter dy jûns, mear út ferfeling as om wat oars, om der ûnderweis nei hûs nei te lústerjen. Nei't er twa fan 'e fjouwer nûmers heard hie, kearde er de auto en gie werom nei it feest om Carey te sykjen, mar dy wie ûnderwilens al op hûs oan gien. Yn wat ornaris opdist wurdt as in moderne ferzje fan it bekende mearke Jiskepûster, sette Mottola útein mei in twa wiken duorjende siiktocht nei de ûnbekende sjongster, en doe't er har einlings en te'n lêsten fûn hie, liet er har daliks in kontrakt tekenje.
Carey har earste studio-album, Mariah Carey, kaam út yn 1990. Columbia joech mer as $1 miljoen út oan promoasje en reklame, en nei in trage start klom it album úteinlik nei de top fan 'e Amerikaanske Billboard 200-list. Carey waard dermei nominearre foar in Grammy Award (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis) foar album fan it jier en wûn sels in Grammy foar bêste nije artyst, wylst de single Vision of Love in Grammy foar bêste popoptreden fan in sjongster wûn en noch foar trije oaren nominearre waard. Behalven Vision of Love berikten ek de singles Love Takes Time, Someday en I Don't Wanna Cry it earste plak op 'e hitlisten, en dêrmei wie Carey de earste artyst sûnt The Jackson 5 yn 'e jierren sechtich, dy't mei sawol de debútsingle as de trije dêropfolgjende singles it earste plak helle. It album Mariah Carey waard njoggen kear platina yn 'e Feriene Steaten, sân kear platina yn Kanada, fjouwer kear platina yn Nij-Seelân, trije kear platina yn Japan en ien kear platina yn Austraalje en Grut-Brittanje. Wrâldwiid waarden der mear as 15 miljoen eksimplaren fan ferkocht.
Carey har twadde studio-album, Emotions, kaam út yn 1991. Dêrfoar wurke se gear mei Walter Afanasieff, in muzykprodusint fan namme. Yn dyselde snuorje krigen Carey en har âlde freon Ben Margulies spul om 'e hichte fan 'e royaltys dêr't hy as mei-skriuwer fan har iere lieten rjocht op hie. De rjochter kaam deroan te pas en de freonskip einige mei rûzje. Emotions die it ûnderwilens tige goed, al koe it it súkses fan Carey har debútalbum net belykje. Der waarden wrâldwiid 8 miljoen eksimplaren fan ferkocht, en inkeld de titelsong helle it earste plak op 'e hitlisten.
In grut oandiel yn har súkses hie Carey har stimberik, dat fiif oktaven beslacht, en dêr't se (hege) noaten foarby de sânde oktaaf mei helje kin. Letter soe har dat in fermelding yn it Guinness Book of Records opsmite, mar om't se nea live optrede, giene der yn it begjin fan har karriêre geruchten dat Carey in "studiowjirm" wie, dy't inkeld mei help fan studiotechnyk sa sjonge koe. Carey sels hold út dat it om plankekoarts gie, mar om 'e geruchten foar iens en foar altyd te ûntsenuwen boekte Columbia Records in optreden op MTV Unplugged, in tillefyzjeprogramma op 'e muzykstjoerder MTV. Dêr song hja û.m. I'll Be There, dat oarspronklik yn 1970 populêr makke wie troch The Jackson 5. Hoewol't Carey en Afanasieff pas op it lêste momint besleaten om dat nûmer yn it optreden yn te passen, waard dat in grut súkses.
Ein augustus 1993 brocht Carey har trêde studio-album út, dat de titel Music Box krige. Nei't Emotions, dat in oade wie oan 'e Motown-muzyk dêr't Carey mei opgroeid wie, it net sa goed dien hie as har debútalbum, waard besletten om mei Music Box mear op 'e pop-toer te gean. Dat die fertuten, want it album waard in ûnbidich súkses, dat Carey yn Amearika har earste diamanten plaat opsmiet. Uteinlik giene der mear as 32 miljoen eksimplaren fan oer de toanbank, wêrmei't it ien fan 'e bêst ferkeapjende albums aller tiden wie. Boppedat besoarge Music Box Carey ek har definitive ynternasjonale trochbraak, mei grutte súksessen yn Japan, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Grut-Brittanje, Frankryk, Dútslân, Nederlân, Sweden en ferskate oare Jeropeeske lannen. Fan 'e singles diene fral Hero en Without You it bûtenwentige goed. Nei it útbringen fan Music Box gie Carey foar it earst op in koart toernee, dat trouwens beheind bleau ta Noard-Amearika en wêrby't se mar seis konserten joech. Likegoed wie dat foar har in grutte stap.
Neitiid kaam men by Columbia Records mei it idee op 'e lapen om in krystalbum te meitsjen. Carey wie dêr wol foar te finen, en der waard besletten dat de cd in mjuks fan traysjonele hymnen en nije lieten befetsje soe. Mei Afanasieff, dy't ek in grut oandiel hân hie yn it skriuwern fan 'e lieten foar Music Box, sette Carey har oan it wurk. It album, dat de titel Merry Christmas krige, kaam yn novimber 1994 út. It rûn tige goed en waard mei 15 miljoen eksimplaren it bêstferkochte krystalbum aller tiden. De lead-single wie ien fan 'e nijskreaune lieten, All I Want for Christmas Is You. Dat ûntjoech him ta Carey har grutste ynternasjonale hit, al die it it iroanysk genôch yn 'e Feriene Steaten sels wat minder goed.
Middeljierren en sûnensswierrichheden Mei har fyfde studio-album, Daydream, dat yn 1995 útkaam, begûn Carey de popmuzyk fan Music Box te fermingen mei R&B- en hiphop-ynfloeden. Fan dit album waarden wrâldwiid 25 miljoen eksimparen ferkocht, en it wie Carey har bêst ferkeapjende album yn 'e Feriene Steaten. De twadde single wie One Sweet Day, in liet dat ynspirearre wie troch de dea fan muzykprodusint David Cole en troch Carey har suster Alison, dy't mei AIDS oanhelle rekke wie. One Sweet Day bleau yn 'e Feriene Steaten sechtsjin wiken lang op it earste plak op 'e hitlisten stean en ferbriek dêrmei alle rekôrs. Nei it útbringen fan Daydream gie Carey wer op toernee, wêrby't se diskear û.m. Tokio oandie.
Mei har folgjende beide albums, Butterfly (1997) en Rainbow (1999), sette Carey har súkses fuort, wêrby't se yn tanimmende mjitte hiphop-eleminten yn har muzyk bemjukse. Teffens begûn se mear gear te wurkjen mei hiphopartysten as Jermaine Dupri, Mystikal en Snoop Dogg. Oan 'e oare kant song se yn 1998 it duët When You Believe, dat in grutte hit waard, mei Whitney Houston, foar de soundtrack fan 'e tekenfilm The Prince of Egypt. Yn 2000 briek Carey nei tsien jier mei Columbia en tekene se in kontrakt foar $100 miljoen mei Virgin Records.
Yn 2001 sette se ek foar it earst útein mei te akearjen, yn 'e film Glitter, dy't spesjaal foar har skreaun wie. Yn july fan dat jier begûn se lykwols ynkoherinte berjochten op har offisjele webside te setten, en op 26 july waard se ynienen opnommen mei útputtingsferskynsels en om't se lichaamlik en geastlik ynstoart wêze soe. De publikaasje fan sawol de film as de byhearrende soundtrack waarden fersteld, mar doe't se úteinlik dochs útbrocht waarden, flopten se raar. Neitiid kocht Carey har kontrakt mei Virgin Records ôf mei $50 miljoen, en fleach se nei Itaalje, dêr't se fiif moannen lang yn Capri ferbleau om op te knappen. Hoewol't se letter dat jier in kontrakt oangie mei Island Records en dêrnjonken in eigen label, MonarC Entertainment, oprjochte, die har folgjende album, Charmbracelet (2002), it lang sa goed net as syn foargongers. Yn 'e media waard de ein fan Carey har karriêre al foarsein.
Lettere jierren Mar yn 2005 klaude Carey wer by de wâl op mei har njoggende studio-album, The Emancipation of Mimi. Dêrfoar wurke hja benammentlik gear mei hiphop-artyst Jermaine Dupri, mar ek wol mei oaren, wêrûnder R&B-stjer Kanye West. Dit album kaam yn ferskate lannen boppe-oan op 'e albumlisten binnen en waard waarm ûnthelle troch de resinsinten. De twadde single, We Belong Together, wûn û.m. twa Grammy Awards, twa Radio Music Awards en fiif Billboard Music Awards, en wie krúsjaal foar it wer op 'e rails krijen fan Carey har karriêre. Mei The Emancipation of Mimi, wêrfan't yn totaal wrâldwiid rom 12 miljoen eksimplaren ferkocht waarden, helle se nochris in Grammy binnen foar bêste contemporary R&B-album. Carey har tsiende album, E=MC² (2008), die it minder goed mei "mar" 2½ miljoen ferkochte eksimplaren, hoewol't se mei de lead-single Touch My Body har achttjinde nûmer 1-hit helle, wêrmei't se it rekôr fan 'e artyst mei de measte nûmer 1-hits yn 'e Feriene Steaten yn 'e hannen krige (dat earder fan Elvis Presley west hie, mei santjin earste plakken).