De sniemûzen (wittenskiplike namme: Chionomys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae). Ta dit skaai hearre trije soarten dy't foarhinne ta de famylje fan 'e fjildmûzen (Microtus) rekkene waarden (en dêr inkeld noch wol ûnder beflapt wurde). Sniemûzen komme foar yn bercheftige regio's yn East-, Midden- en Súd-Jeropa, Lyts-Aazje en de Kaukasus.

Soarten

skaai sniemûzen (Chionomys) Kaukazyske sniemûs (Chionomys gud) sniemûs of Jeropeeske sniemûs (Chionomys nivalis) robertsniemûs of Roberts sniemûs (Chionomys roberti)

Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Wrotmûseftige