Pajala is it grutste plak en it bestjoerssintrum fan de Sweedske gemeente Pajala. Pajala is ferneamd nei syn stichter, in soarte fan hannelsfertsjintwurdiger/douanier, Lasse Pajanen, út de lette 16e iuw. Ut Pajala wei waarden in tal doarpen yn de omkriten stichte.
Pajala leit oan de rivier de Torne, 7 km foar de gearrin mei de Muonio yn it easten; de grins mei Finlân.
Yn de 20e iuw is it doarp bombardearre troch de eardere Sovjet-Uny yn de striid mei de Finnen (1940) yn de Winteroarloch. Nei de oarloch hat de Sovjet-Uny de skea fergoede.
Berne yn Palaja Mikael Niemi, skriuwer en dichter; syn boek Populärmusik fran Vittula (2000) spilet him ôf yn Pajala en is yn 2004 ferfilme. Lars Levi Laestadius, geastlike Gösta Montell, etnograaf
Kategory:Plak yn Sweden Kategory:Plak stifte yn de 16e iuw