Mikael Niemi (Pajala, Norrbottens län, 13 augustus 1959) is in Sweedsk skriuwer en dichter.
Mikael Niemi waard grutbrocht yn Pajala, in doarp yn it úterste noarden fan Sweden tichteby grins mei Finlân, in krite dêr't in grut part fan de minsken fan etnysk Finsk komôf is en Tornedelstersk (Meänkieli) praat (in nau oan it Finsk besibbe dialekt dat yn Sweden los fan it Finsk erkenning genietet as minderheidstaal). It opgroeien yn in twatalich fermidden en de spannings dy't dat jaan kin, soene in hieltyd weromkommend tema wurde yn Niemi's lettere wurk. Hy sette útein mei de skriuwerij doet er noch mar fyftjin wie. Nei in oplieding elektrotechnyk, ferhuze er 1977 nei Luleå, dêr't er learaar en jongereinwurker wie en by in lytse útjouwerij wurke. Ein jierren 90 gie er werom nei Pajala.
Ien fan syn leafhawwerijen is astronomy en hy wurket as amateur-astronoom. "Amatörastronom i Pajala"
Niemi is troud mei de Fryske skriuwster Eelkje Tuma.
Publikaasjes In kar: 1983: Rusning 1988: Näsblod under högmässan, gedichten (offisjeel debút) 1988: Mitt i skallen!, reportaazje oer it fuortset ûnderwiis 1989: Änglar med mausergevär, gedichten 1989: Med rötter här uppe, reportaazje oer it Tornedal 1994: Kyrkdjävulen, jeugdroman 1997: Blodsugarna, jeugdroman 2000: Populärmusik från Vittula, roman (Nederlânsk: Popmuziek uit Vittula, ISBN 90-445-0136-4) 2004: Svålhålet, sciencefiction-roman 2006: Mannen som dog som en lax, misdieroman 2006: Jag gjorde Vietaskuppen, drama 2010: Skjut apelsinen, jeugdroman 2012: Fallvatten, roman 2017: Koka björn (roman) 2023: Sten i siden (roman), Piratförlaget ISBN 9789164208835
Prizen 2000: Augustpriset 2000: BMF-plaketten 2000: Tidningen VI:s litteraturpris 2001: Årets bok-Månadens boks litterära pris 2001: Litteraturklubbens Stora Litteraturpris 2002: PiratenPriset 2009: Albert Engström-priset 2013: Studieförbundet Vuxenskolan Norrbottens kulturpris 2013: Hedersledamot vid Norrlands nation 2018: Mickelpriset 2024: Aniarapriset
Kategory:Sweedsk dichter Kategory:Sweedsk romanskriuwer Kategory:Sweedsk persoan fan Finsk komôf Kategory:Persoan fan Tornedelstersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1959