De wrotmûseftigen (wittenskiplike namme: Cricetidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), dêr't û.m. de fjildmûs, de hamster, de wetterrôt en de muskusrôt ta hearre. Mei hast 600 ûnderskate soarten is it nei de mûseftigen (Muridae) de op ien nei grutste sûchdierefamylje. Wrotmûseftigen binne lânseigen yn Jeraazje en de Amearika's.
Wrotmûseftigen binne oer it generaal lytseftige bisten, al rinne se útinoar fan 'e Amerikaanske dwerchmûs (Baiomys taylori), dy't mar 7 g weaget, oant de muskusrôt (Ondatra zibethicus), mei in gewicht dat oprinne kin oant 1,8 kg. De lingte fan 'e sturten yn ferhâlding ta de grutte fan it liif rint wiid útinoar. De sturt kin by wrotmûseftigen sawol tichtbehierre as hast keal wêze. De pels is by de measte soarten brunich fan kleur, faak mei in ljochte ûnderbúkbehierring.
Wat biotopen oanbelanget, komme wrotmûseftigen foar fan gebieten mei in poalklimaat oant tropysk reinwâld en tesinzgjende woastinen. Guon soarten libje yn 'e beammen en hawwe sturten dy't spesjaal oanpast binne om op smelle tûken te balansearjen of om tûken mei fêst te gripen. Oare soarten binne semy-akwatysk en hawwe poaten mei swimfluezzen tusken de teannen. Wer oaren libje op 'e grûn en binne duchtige gravers. Wrotmûseftigen binne herbivoaren, omnivoaren of ynsektivoaren. Se hawwe allegear grutte kjiftosken om mei te gnaujen en kinne har ûnder geunstige libbensomstannichheden fluch fuortplantsje.
Famylje-opbou
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae) ûnderfamylje Democricetodontinae † ûnderfamylje hamsters (Cricetinae) skaai Allocricetus † skaai Amblycricetus † skaai Chuanocricetulus † skaai Collimys † skaai dwerchhamsters (Phodopus): 3 soarten skaai Gansuhamsters (Cansumys): 1 soarte skaai goudhamsters (Mesocricetus): 4 soarten skaai Hattomys † skaai Hypsocricetus † skaai Ischymomys † skaai Jeropeeske hamsters (Cricetus): 1 soarte skaai Karstocricetus † skaai Kowalskia † skaai Microtocricetus † skaai langsturthamsters (Tscherskia): 1 soarte skaai Nannocricetus † skaai Pannonicola † skaai Paracricetulus † skaai Rhinocricetus † skaai Rotundomys † skaai Sinocricetus † skaai Sintraalaziatyske hamsters (Allocricetulus): 2 soarten skaai ûnechte dwerchhamsters (Cricetulus): 7 soarten ûnderfamylje wrotmûzen (Arvicolinae) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai beamwrotmûzen (Arborimus): 3 soarten skaai heidewrotmûzen (Phenacomys): 2 soarten tûke Balkansniemûzen (Pliomyini) skaai Balkansniemûzen (Dinaromys): 1 soarte skaai Dolomys † tûke fjildmûzen (Arvicolini) skaai alsemfjildmûzen (Lemmiscus): 1 soarte skaai Atopomys † skaai Aziatyske fjildmûzen (Lasiopodomys): 2 soarten skaai berchfjildmûzen (Neodon): 16 soarten skaai blythfjildmûzen of Blyths fjildmûzen (Phaiomys): 1 soarte skaai Cromeromys † skaai fjildmûzen (Microtus): ±60 soarten skaai Hibbardomys † skaai Huananomys † skaai Jeraziatyske gerslânwrotmûzen (Alexandromys): 14 soarten skaai Jordanomys † skaai Kilarcola † skaai Middensineeske fjildmûzen (Proedromys): 2 soarten skaai Mimomys † skaai Nebraskomys † skaai Nemausia † skaai Promimomys † skaai Prosomys † skaai sniemûzen (Chionomys): 3 soarten skaai Súdsineeske fjildmûzen (Volemys): 2 soarten skaai Villanyia † skaai wetterrotten (Arvicola): 3 soarten tûke Floaridawetterrotten (Neofibrini) skaai Floaridawetterrotten (Neofiber): 1 soarte skaai Proneofiber † tûke halsbânlemmings (Dicrostonychini) skaai hâlsbânlemmings (Dicrostonyx): 11 soarten skaai Predicrotonyx † tûke ierdlemmings (Ellobiusini) skaai ierdlemmings (Ellobius): 5 soarten skaai Ungaromys † tûke lemmings (Lemmini) skaai bosklemmings (Myopus): 1 soarte skaai echte lemmings (Lemmus): 5 soarten skaai lemmingmûzen (Synaptomys): 2 soarten skaai Plioctomys † tûke muskusrotten (Ondatrini) skaai muskusrotten (Ondatra): 1 soarte tûke prometeuswrotmûzen (Prometheomyini) skaai prometeuswrotmûzen of Prometeus' wrotmûzen (Prometheomys): 1 soarte skaai Stauchomys † tûke reade wrotmûzen (Clethrionomyini, foarh. Myodini) skaai berchwrotmûzen (Alticola): 12 soarten skaai Guildayomys † skaai Himalayawrotmûzen (Hyperacrius): 2 soarten skaai paterdavidswrotmûzen of pater Davids wrotmûzen (Eothenomys): 8 soarten skaai Pliolemmus † skaai Pliomys † skaai Pliophenacomys † skaai reade wrotmûzen (Clethrionomys, foarh. Myodes): 5 soarten skaai readgrize wrotmûzen (Craseomys), 7 soarten skaai Sineeske wrotmûzen (Caryomys): 2 soarten tûke steppelemmings (Lagurini) skaai steppelemmings of echte steppelemmings (Lagurus): 1 soarte skaai ûnechte steppelemmings (Eolagurus): 2 soarten ynformele groep mûzen en rotten fan de Nije Wrâld ûnderfamylje echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld (Sigmodontinae) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai Galapagosreuzerotten (Megaoryzomys): 1 soarte † skaai juliomûzen (Juliomys): 3 soarten tûke akodonten (Akodontini) skaai Andeaanske rotten (Lenoxus): 1 soarte skaai bolomûzen (Necromys): 9 soarten skaai Brazyljaanske pipermûsrotten (Blarinomys): 1 soarte skaai brûsys (Brucepattersonius): 7 soarten skaai graafmûzen (Oxymycterus): 17 soarten skaai karmozynnoasrotten (Bibimys): 3 soarten skaai kempgersmûzen of Kemps gersmûzen (Deltamys): 1 soarte skaai reuzerotten (Kunsia): 2 soarten skaai Roraimamûzen (Podoxymys): 1 soarte skaai serradomûzen (Thalpomys): 2 soarten (de serrado is in soarte fan tropyske savanne yn Brazylje) skaai somprotten fan de Nije Wrâld (Scapteromys): 2 soarten skaai Súdamerikaanske gersmûzen (Akodon): 43 soarten skaai Súdamerikaanske ierdmûzen (Juscelinomys): 3 soarten skaai swarte gersmûzen (Thaptomys): 1 soarte tûke blêdearmûzen (Phyllotini) skaai Andeaanske blêdearmûzen (Phyllotis): 14 soarten skaai Andeaanske mûzen (Andinomys): 1 soarte skaai Andeaanske somprotten (Neotomys): 1 soarte skaai fespermûzen (Calomys): 14 soarten skaai garleppmûzen of Garlepps mûzen (Galenomys): 1 soarte skaai grutearmûzen (Auliscomys): 3 soarten skaai Ichthyurodon: 1 soarte † skaai knynrotten (Reithrodon): 2 soarten skaai leechlânblêdearmûzen (Graomys): 4 soarten skaai oaljefantsearmûzen (Loxodontomys): 2 soarten skaai Olympicomys: 1 soarte † skaai Punamûzen (Punomys): 2 soarte skaai sâltflaktemûzen (Salinomys): 1 soarte skaai sidehierrige woastynmûzen (Eligmodontia): 6 soarten skaai Sileenske rotten (Irenomys): 1 soarte skaai Tafimys: 1 soarte † skaai tapekûa's (Tapecomys): 1 soarte primordial tapecua skaai Tsjakomûzen (Andalgalomys): 3 soarten skaai tsjintsjillamûzen (Euneomys): 4 soarten skaai tsjintsjillamûzen fan de Altiplano (Chinchillula): 1 soarte tûke braaklân-, klim- en beammûzen (Thomasomyini) skaai Atlantyske wâldmûzen (Delomys): 3 soarten skaai beammûzen fan de Nije Wrâld (Rhagomys): 2 soarten skaai berchmûzen (Aepeomys): 2 soarten skaai braaklânmûzen (Thomasomys): 37 soarten skaai klimmûzen fan de Nije Wrâld (Rhipidomys): 18 soarten skaai Kolombiaanske wâldmûzen (Chilomys): 1 soarte skaai Rio de Sjanêrobeamrotten (Phaenomys): 1 soarte skaai ruschirotten of Ruschi's rotten (Abrawayaomys): 1 soarte skaai wilfredmûzen of Wilfreds mûzen (Wilfredomys): 1 soarte tûke fiskrotten (Ichthyomyini) skaai Ekwadorfiskrotten (Anotomys): 1 soarte skaai fiskrotten (Neusticomys): 6 soarten skaai krabberotten (Ichthyomys): 4 soarten skaai Middenamerikaanske wettermûzen (Rheomys): 4 soarten skaai Súdamerikaanske wettermûzen (Chibchanomys): 2 soarten tûke gersmûzen en langklaumûzen (Abrotrichini) skaai edwardlangklaumûzen of Edwards langklaumûzen (Notiomys): 1 soarte skaai gersmûzen (Abrothrix): 8 soarten skaai langklau-ierdmûzen (Geoxus): 1 soarte skaai langklaumûzen (Chelemys): 3 soarten skaai pearsonlangklaumûzen of Pearsons langklaumûzen (Pearsonomys): 1 soarte tûke katoenrotten (Sigmodontini) skaai katoenrotten (Sigmodon): 14 soarten tûke readnoasmûzen (Wiedomyini) skaai Cholomys: 1 soarte † skaai readnoasmûzen (Wiedomys): 2 soarten tûke rysrotten (Oryzomyini) skaai Atlantyske rysrotten (Drymoreomys): 1 soarte skaai beamrysrotten (Oecomys): 16 soarten skaai brasiliamûzen of Brasilia's mûzen (Microakodontomys): 1 soarte skaai dizerysrotten (Nephelomys): 12 soarten skaai dwerchrysrotten (Oligoryzomys): 18 soarten skaai echte rysrotten of rysrotten (Oryzomys): 8 soarten skaai Ekwador- en Galapagosrysrotten (Aegialomys): 2 soarten skaai Galapagosmûzen (Nesoryzomys): 4 soarten skaai grize rysrotten (Eremoryzomys): 1 soarte skaai hammondrysrotten of Hammonds rysrotten (Mindomys): 1 soarte skaai langsnorhierrige rysrotten (Transandinomys): 2 soarten skaai lytse rysrotten (Microryzomys): 2 soarten skaai lundamfibyrotten of Lunds amfibyrotten (Lundomys): 1 soarte skaai Middenamerikaanske rysrotten (Handleyomys): 8 soarten skaai moerasrotten (Holochilus): 3 soarten skaai Perûviaanske rysrotten (Oreoryzomys): 1 soarte skaai reidmûzen (Zygodontomys): 2 soarten skaai reinwâldrysrotten (Hylaeamys): 7 soarten skaai reuzerysrotten (Megalomys): 4 soarten † skaai rottekoprysrotten (Sooretamys): 1 soarte skaai rûchhierrige mûzen (Neacomys): 8 soarten skaai serradorysrotten (Cerradomys): 6 soarten (de serrado is in soarte fan tropyske savanne yn Brazylje) skaai stikelmûzen fan de Nije Wrâld (Scolomys): 2 soarten skaai Súdamerikaanske wetterrotten (Nectomys): 5 soarten skaai swarte rysrotten (Melanomys): 3 soarten skaai Ucayaliwetterrotten (Amphinectomys): 1 soarte skaai ûnechte rysrotten (Pseudoryzomys): 1 soarte skaai vespuccikjifdieren of Vespucci's kjifdieren (Noronhomys): 1 soarte † skaai wetterrysrotten (Sigmodontomys): 2 soarten skaai wiid fersprate riisrotten (Euryoryzomys): 6 soarten ûnderfamylje klimrotten fan de Nije Wrâld (Tylomyinae) tûke echte klimrotten fan de Nije Wrâld (Tylomyini) skaai grutearbeamrotten (Ototylomys): 1 soarte skaai klimrotten (Tylomys): 7 soarten tûke fesperrotten (Nyctomyini) skaai Jûkatanfesperrotten (Otonyctomys): 1 soarte skaai Middenamerikaanske fesperrotten (Nyctomys): 1 soarte ûnderfamylje Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae) tûke Amerikaanske dwerchmûzen (Baiomyini) skaai Amerikaanske dwerchmûzen (Baiomys): 2 soarten skaai brune mûzen (Scotinomys): 2 soarten tûke goudmûzen (Ochrotomyini) skaai goudmûzen (Ochrotomys): 1 soarte tûke Amerikaanske hamsterrotten (Neotomini) skaai allenhamsterrotten of Allens hamsterrotten (Hodomys): 1 soarte skaai dwerchhamsterrotten (Nelsonia): 2 soarten skaai Galushamys † skaai echte hamsterrotten (Neotoma): 22 soarten skaai magdalenarotten (Xenomys): 1 soarte skaai Repomys † tûke hartemûzen (Reithrodontomyini) skaai Bensonomys † skaai Cimarronomys † skaai Floaridamûzen (Podomys): 1 soarte skaai Jacobsomys † skaai lâningterotten (Isthmomys): 2 soarten skaai Meksikaankse fulkaanmûzen (Neotomodon): 1 soarte skaai Misjoäkaanske hartemûzen (Osgoodomys): 1 soarte skaai nôtmûzen fan de Nije Wrâld (Reithrodontomys): 22 soarten skaai reuzehartemûzen (Megadontomys): 3 soarten skaai Symmetrodontomys † skaai sprinkhoanmûzen (Onychomys): 3 soarten skaai ûnechte hartemûzen (Habromys): 7 soarten skaai wytpoatmûzen of echte hartemûzen (Peromyscus): 55 soarten
Kategory:Sûchdierefamylje Kategory:Kjifdier