Nea Salamis Famagusta FC as Nea Salamina Famagusta FC (Gryksk: Νέα Σαλαμίς Αμμοχώστου) is in profesjoneel fuotbalteam út it Syprioatyske plak Famagusta, oprjochte op 7 maart 1948. It is no in klup fan flechtlingen dy't Noard-Sypres ferlieten by de Turkske ynvaazje fan 1974. De klup is no tydlik fêstige yn de stêd Larnaca. De klupnamme komt fan de Ald-Grykske stêd Salamis of Salamina (Gryksk: Σαλαμίς), tichteby it Famagusta fan no.
De meast opmerklike prestaasjes fan Nea Salaminas binne de oerwinningen by de Syprioatyske fuotbalbeker en de Cyprus FA Shield (superkup) yn 1990. Yn de A Divizion wie it tredde plak de bêste prestaasje. De earste fiif jier (1948–1953) die it team mei oan de Cyprus Amateur Football Federation kampioenskippen. Yn 1953 sleat de club him oan by it Sypriotysk fuotbalbûn (CFA), sadat se meidwaan koene oan de kampioenskippen fan it bûn en om de beker. Sy hawwe mear as 50 seizoenen yn de A Divizion spile; yn it earste seizoen waarden se sânde.
It team die foar 't earst mei oan de Europeeske kompetysje yn 1990 by de Europakup. Fierders hawwe se spile yn trije UEFA Intertoto Cups, nammentlik dy fan 1995, 1997 en 2000. It team heart ta de sportklups fan Nea Salamina Famagusta, dat yn 1948 oprjochte waard; dy klup hat ek in follybalteam foar manlju.
Nea Salamina yn Jeropa O = omloop Groep = groepsfaze PUC = punten UEFA koëffisjinten Seizoen Kompetysje Omloop Lân Klup Skoare PUC1990/91Europacup II1 O20pxAberdeen FC0-2, 0-30.01995Intertoto CupGroepBayer 04 Leverkusen0-20.0GroepOFI Kreta1-2Groep20pxFK Budućnost Podgorica1-1GroepJK Tervis Pärnu2-01997Intertoto CupGroepAJ Auxerre1-100.0GroepFC Lausanne-Sport1-4GroepAntwerp FC0-4Groep20pxArds FC4-12000Intertoto Cup1 OKS Vllaznia Shkodër4-1, 2-10.02 OFK Austria Wien1-0, 0-3 Totaal tal punten foar UEFA koëffisjinten: 0.0
Ferneamde spilers Ioannis Okkas Marco Haber Claudiu Răducanu Aleksander Filimonow
Kategory:Syprioatyske fuotbalklup Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1948