De wrotmûzen (wittenskiplike namme: Arvicolinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dêr't û.o. de fjildmûs, de wetterrôt en de muskusrôt ta hearre. Se binne nau besibbe oan 'e oare ûnderfamyljes fan 'e wrotmûseftigen, de hamsters (Cricetinae) en trije groepen dy't mei-inoar beflapt wurde ûnder de oantsjutting mûzen en rotten fan de Nije Wrâld. Sommige saakkundigen wolle de wrotmûzen lykwols ynstee yn 'e famylje mûseftigen (Muridae) pleatst hawwe. De wrotmûzen binne de meast foarkommende groep kjifdieren op it noardlik healrûn. Fossilen út dizze ûnderfamylje binne yn Noard-Amearika en Jeropa sa algemien dat se brûkt wurde foar biostratigrafyske datearring fan archeologyske fynplakken.
Underfamylje-opbou
ûnderfamylje wrotmûzen (Arvicolinae) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai beamwrotmûzen (Arborimus): 3 soarten skaai heidewrotmûzen (Phenacomys): 2 soarten tûke Balkansniemûzen (Pliomyini) skaai Balkansniemûzen (Dinaromys): 1 soarte skaai Dolomys † tûke fjildmûzen (Arvicolini) skaai alsemfjildmûzen (Lemmiscus): 1 soarte skaai Atopomys † skaai Aziatyske fjildmûzen (Lasiopodomys): 3 soarten skaai berchfjildmûzen (Neodon): 5 soarten skaai blythfjildmûzen of Blyths fjildmûzen (Phaiomys): 1 soarte skaai Cromeromys † skaai fjildmûzen (Microtus): ±60 soarten skaai Hibbardomys † skaai Huananomys † skaai Jeraziatyske gerslânwrotmûzen (Alexandromys): 14 soarten skaai Jordanomys † skaai Kilarcola † skaai Middensineeske fjildmûzen (Proedromys): 2 soarten skaai Mimomys † skaai Nebraskomys † skaai Nemausia † skaai Promimomys † skaai Prosomys † skaai sniemûzen (Chionomys): 3 soarten skaai Súdsineeske fjildmûzen (Volemys): 2 soarten skaai Villanyia † skaai wetterrotten (Arvicola): 3 soarten tûke Floaridawetterrotten (Neofibrini) skaai Floaridawetterrotten (Neofiber): 1 soarte skaai Proneofiber † tûke halsbânlemmings (Dicrostonychini) skaai hâlsbânlemmings (Dicrostonyx): 11 soarten skaai Predicrotonyx † tûke ierdlemmings (Ellobiusini) skaai ierdlemmings (Ellobius): 5 soarten skaai Ungaromys † tûke lemmings (Lemmini) skaai bosklemmings (Myopus): 1 soarte skaai echte lemmings (Lemmus): 5 soarten skaai lemmingmûzen (Synaptomys): 2 soarten skaai Plioctomys † tûke muskusrotten (Ondatrini) skaai muskusrotten (Ondatra): 1 soarte tûke prometeuswrotmûzen (Prometheomyini) skaai prometeuswrotmûzen of Prometeus' wrotmûzen (Prometheomys): 1 soarte skaai Stauchomys † tûke reade wrotmûzen (Clethrionomyini, foarh. Myodini) skaai berchwrotmûzen (Alticola): 12 soarten skaai Guildayomys † skaai Himalayawrotmûzen (Hyperacrius): 2 soarten skaai paterdavidswrotmûzen of pater Davids wrotmûzen (Eothenomys): 8 soarten skaai Pliolemmus † skaai Pliomys † skaai Pliophenacomys † skaai reade wrotmûzen (Clethrionomys, foarh. Myodes): 5 soarten skaai readgrize wrotmûzen (Craseomys), 7 soarten skaai Sineeske wrotmûzen (Caryomys): 2 soarten tûke steppelemmings (Lagurini) skaai steppelemmings of echte steppelemmings (Lagurus): 1 soarte skaai ûnechte steppelemmings (Eolagurus): 2 soarten
Kategory:Wrotmûseftige