De lytse boskmûs of Oeralboskmûs (wittenskiplike namme: Apodemus uralensis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn hast hiel East-Jeropa en dielen fan Midden-Jeropa, Lyts-Aazje, de Kaukasus, súdlik Sibearje en Sintraal-Aazje.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e lytse boskmûs omfiemet de Baltyske steaten, súdlik Poalen, Tsjechje, Slowakije, dielen fan Eastenryk en Dútslân, Lychtenstein, Hongarije, dielen fan Kroaasje, Servje, Montenegro en Bulgarije, noardlik Roemeenje, Moldaavje, de Oekraïne, Wyt-Ruslân, westlik Ruslân, de Koeban-regio, de Russyske Kaukasus, Abgaazje, Súd-Osseesje, Georgje, Armeenje, Azerbeidzjan, noardeastlik Turkije, noardwestlik Iraan, eastlik Kazachstan, Kirgyzje, Tadzjikistan, noardeastlik Afganistan, de Russyske Altai en dielen fan Mongoalje, Oezbekistan, noardlik Pakistan en noardwestlik Sina.

Uterlike skaaimerken De lytse boskmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7-9⅔ sm, mei in sturtlingte fan 6½-9½ sm en in gewicht fan 17 g. De sturt is hast like lang as it lichem. De lytse boskmûs is behindiger en grizer fan kleur as de (gewoane) boskmûs (Apodemus sylvaticus), mei lytsere earen en eagen.

Hâlden en dragen Lytse boskmûzen libje it leafst yn gebiet mei strewelleguod, lang gers of ûndergroei. Hy yt fral gers, sied, nôt, krûden en ynsekten, oanfolle mei fruchten en beien, woartels en blommen. Wat syn hâlden en dragen oanbelanget, wykt de lytse boskmûs net folle ôf fan 'e boskmûs (Apodemus sylvaticus). De peartiid duorret by lytse boskmûzen fan maart oant augustus. Eltse smeet bestiet út 3-8 jongen.

Taksonomy De lytse boskmûs waard foar it earst beskreaun (en erkend as selsstannige soarte) yn 1811, troch Peter Simon Pallas. Akseptearre synonimen binne Apodemus microps Pallas 1811 en Sylvaemus microps Kratochvil & Rosicky 1952. De lytse boskmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt.

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Boskmûs Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân