De Pushcart Prize ("hânkarrepriis") is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier takend wurdt oan ien of mear skriuwers foar de bêste poëzij, koarte fiksje (koarte ferhalen, ferhalebondels en koarte novelles), essay's en/of oar literêr lytsguod fan it foargeande jier. De priis wurdt útrikt sûnt 1976 troch de organisaasje Pushcart Press (de ferwizing nei in hânkarre stiet foar lytsskalichheid) en sa lang wurde ek al jierliks blomlêzings fan selektearre wurk troch deselde organisaasje publisearre. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Pushcart Prize

Kategory:Amerikaanske literatuerpriis Kategory:Amerikaanske poëzypriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1976