De PEN/Malamud Award (eins folút PEN/Malamud Award and Memorial Reading) is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier útrikt wurdt foar "treflikens yn 'e keunst fan it koarte ferhaal". De priis wurdt sûnt 1988 útrikt troch de PEN/Faulkner Foundation, in Amerikaanske skriuwersferiening. It komitee dat de winners útornearret bestiet út fertsjintwurdigers fan dy organisaasje en út 'e eksekuteurs-literêr fan 'e neilittenskip fan 'e Amerikaanske skriuwer Bernard Malamud (1914-1986), dêr't de priis mei oprjochte is. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e PEN/Faulkner Foundation

Kategory:Amerikaanske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1988