De steppemûs (wittenskiplike namme: Mus spicilegus, foarhinne Mus hortulans) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), dat nau besibbe is oan ús hûsmûs. Hy komt foar yn grutte dielen fan East-Jeropa en de Balkan, om persiis te wêzen yn Eastenryk, Tsjechje, Slowakije, Hongarije, Sloveenje, Kroaasje, Bosnje-Hertsegovina, Servje, Montenegro, Kosovo, Albaanje, Masedoanje, noardlik Grikelân, Bulgarije, Roemeenje, Moldaavje en de súdlike Oekraïne.

Fysiologysk is it grutste ferskil tusken de steppemûs en de hûsmûs dat by de steppemûs de sturt justjes koarter is as de rest fan it lichem. Ek bestiet der in dúdlike demarkaasjeline tusken it dûnkere hier op 'e rêch fan it bistke en it ljochtere hier op 'e búk, wylst dat by de hûsmûs stadichoan yninoar oergiet. Oan 'e ein fan 'e simmer smyt de steppemûs lytse terpkes fan ierde op, dêr't er itensfoarrieden yn oanleit, benammen besteande út it sied fan nuddeliergerzen (Setaria). Sokke opslachheuveltsjes kinne wol oant 700 liter sied en oar plantaardich materiaal befetsje, en yn it gongestelsel derûnder kinne 2 oant wol 20 steppemûzen oerwinterje.

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Echte mûs Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje