De PC fan 2014 waard op woansdei 30 july ferkeatst. It wie de 161ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier. It wie in moaie simmerdei mei ideale keatsomstannichheden.

It Lotsjen thumb|left|200px|Marten Feenstra en Pier Piersma Mei it lotsjen wiene der foar it earst twa partoeren pleatst. De earste twa partoeren yn de 'ranking' waarden sadanich pleatst dat sy net tsjin inoar keatse koene. De lotting wie moai ferdield sadat de sterkere partoeren mekoar meast yn de heale finale tsjinkomme soene. Ek wie it opmerklik dat it partoer fan Menno van Zwieten net meidwaan mocht, as sânde op de 'ranking' moasten ja dochs mei de 'keats-off' meidwaan om it lêste PC-plakje, en dy waard wûn troch it partoer fan Johannes van der Veen.

Earste List Oan it begjin fan de dei wy der fuort in ferrassing. It partoer fan Johan van der Meulen waard fuort fan de list ferwidere troch it degelik keatsende jonge partoer fan Haye Jan Nicolay. It partoer fan Johan van der Meulen kaam net ien kear yn de wedstriid en sa wie de PC fan de winners fan de foarige PC gau ôfrûn. De oare top partoeren wûnen harren wedstriid allegear maklik en troch goed te keatsen.

nû. partoer útslach nû. partoer1Johan van der MeulenRenze Pieter HiemstraHylke Bruinsma4-5 0-62Haye Jan NicolayRené AnemaJan Schurer3Jelte-Pieter DijkstraHendrik Jan van der VeldeSjoerd de Jong 5-3 6-64Gosse BeeksmaBauke DijkstraRudolf Soepboer5Hendrik TolsmaAllard HoekstraThomas van Zuiden 1-5 6-66Jan Dirk de GrootDylan DrentHans Wassenaar7Martijn OlijnsmaMarten FeenstraPier Piersma 5-2 6-68Dirk Yde SjaardaErik HaitsmaSiebe Greidanus9Enno KingmaPieter Jan PlatJouke Bosje 5-1 6-210Feiko BroersmaSip Jaap BosJelte Visser11Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraDaniël Iseger 5-3 6-012Pieter van AlthuisJacob Klaas HaitsmaPatrick Scheepstra13Michiel ScheepvaartTjerck-Floris KarstenErwin Zijlstra 5-5 4-614Bauke TriemstraAlle Jan AnemaHendrik Kootstra15Johannes van der VeenHyltje BosmaSteven de Bruin 0-5 4-616Tjisse SteenstraHerman SprikCornelis Terpstra

Twadde List Op de twadde list waard it partoer fan Haye Jan Nicolay ferslein toch it partoer fan Jelte Pieter Dijkstra. It partoer fan Jan Dirk de Groot waard ferslein troch Martijn Olijnsma. De favorite partoeren van van der Bos en Steenstra giene maklik nei de heale finale.

nû. partoer útslach nû. partoer2Haye Jan NicolayRené AnemaJan Schurer2-5 6-63Jelte-Pieter DijkstraHendrik Jan van der VeldeSjoerd de Jong6Jan Dirk de GrootDylan DrentHans Wassenaar2-5 2-67Martijn OlijnsmaMarten FeenstraPier Piersma9Enno KingmaPieter Jan PlatJouke Bosje 1-5 6-611Gert-Anne van der BosTaeke TriemstraDaniël Iseger14Bauke TriemstraAlle Jan AnemaHendrik Kootstra 2-5 2-616Tjisse SteenstraHerman SprikCornelis Terpstra

Heale Finale Yn de heale finale waard Teake Triemstra yn it partoer fan Gert Anne van der Bos ferfong troch Jacob Wassenaar. Wassenaar naam de lêste wiken wol faker it plak fan Teake yn dy't in langduorjende blessuere oan syn skouder hie. Yn harren wedstriid tsjin Tsjisse Steenstra kamen se earst wol in spul achter, wylst sy op de stuit begûnen. It perk fan Cornelis Terpstra en Herman Sprik joech mear tsjinstân dan yn de eardere omlopen. Mar doe't se ien kear yn it perk steane doe kearde de partij en waard der maklik wûn, benammen trochdat Jacob Wassenaar foaryn geweldich stie te keatsen. Yn de oare partij hie it bettere partoer fan Olijnsma muoite om te winnen fan Jelte Pieter Dijkstra. Nei in foarsprong fan 3-5 waard der dochs noch ferlern, benammen troch in protte fouten. Dit wie de lêste kâns op in PC oerwinning foar Marten Feenstra dy't syn lêste seizoen keatste.

nû. partoer útslach nû. partoer3Jelte-Pieter DijkstraHendrik Jan van der VeldeSjoerd de Jong 5-5 6-07Martijn OlijnsmaMarten FeenstraPier Piersma11Gert-Anne van der BosJacob WassenaarDaniël Iseger5-3 6-416Tjisse SteenstraHerman SprikCornelis Terpstra

Finale thumb|right|260px|It winnende perk yn aksje De finale wie ienrjochtingsferkear. It partoer fan Jelte Pieter Dijkstra wie hielendal útkeatst en koe gjin fûst meitsje tsjin de favoriten. Benammen Jacob Wassenaar liet wer sjen dat der it keatsen noch net ferleard wie en jage in protte ballen oer de boppe.

nû. partoer útslach nû. partoer3Jelte-Pieter DijkstraHendrik Jan van der VeldeSjoerd de Jong 0-5 6-611Gert-Anne van der BosJacob WassenaarDaniël Iseger

Kening PC 2014 Daniël Iseger waard foar de tredde kear útroppen ta kening fan de PC.

2014 Kategory:Barren yn 2014