De Polynezyske rôt (wittenskiplike namme: Rattus exulans), ek wol de Pasifyske rôt neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae), de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus), dat oarspronklik fan it fêstelân fan Súdeast-Aazje stammet. Hy hat him lykwols al relatyf ier ferspraat nei frijwol de hiele Yndyske Arsjipel, de Filipinen, Taiwan, Nij-Guineä, de Melanezyske eilannen (lykas de Salomonseilannen, de Nije Hebriden en Fidzjy), en it grutste part fan 'e Polynezyske eilannen, ynkl. Nij-Seelân, Hawaï en Peaske-eilân. Mei't de Polynezyske rôt net lange ôfstannen swimme kin, wurdt syn histoaryske fersprieding, dy't oan 'e hân fan bonkeresten en oar bewiismateriaal fêststeld wurde kin, sjoen as in treflike oanwizing foar iere minsklike migraasjes yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan.
Uterlike skaaimerken De Polynezyske rôt sjocht der rûchwei itselde út as oare rotten, mar hat gruttere, rûne earen en relatyf lytse poaten. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 11-13 sm, mei in sturtlingte fan 12-15 sm, en in swarte of dûnkerbrunige behierring, dy't nei de bealch ta ljochter útskaait. Op gruttere eilannen, lykas Nij-Seelân, hat er him ûntjûn ta in gruttere lichemsgrutte as it gemiddelde, wylst er him op lytse eilantsjes krekt ta in dwerchfoarm liket te ûntwikkeljen.
Biotoop en ynfloed op lânseigen floara en fauna Polynezyske rotten binne by steat om har oan te passen oan in grut ferskaat fan biotopen en habitats, fan iepen gerslân yn koelere klimaten oant ticht begroeid tropysk reinwâld. Se hawwe lykwols leard dat it leannet om deunby minsklike bewenning te bliuwen, mei't dêr altyd wol wat te heljen is. Troch dy assosjaasje mei de minske is de Polynezyske rôt nei de brune rôt en de swarte rôt de op twa nei meast wiid fersprate rottesoarte wurden. Dat hat der wer ta laat dat er yn in oansjenlik diel fan syn ferspriedingsgebiet as eksoat grutte skea tabrocht hat oan kwetsbere pleatslike ekosystemen op Pasifyske eilannen, dêr't de lânseigen diersoarten (benammentlik fûgels en ynsekten) evoluëarre wiene sûnder ea lêst te hawwen fan rôfsûchdieren. Sadwaande hiene dy bisten gjin ferwar tsjin 'e rotten doe't dy op sokke eilannen yntrodusearre waarden, en kin it útstjerren fan in grut tal bistesoarten dêrsanne wierskynlik op it konto fan 'e Polynezyske rôt skreaun wurde.
Fierders wurdt der ek wol tocht dat Polynezyske rotten foar in diel ferantwurdlik wiene foar de ûntbosking fan Peaske-eilân trochdat se de nuten fan 'e Peaske-eilânske palmbeam opfrieten, wat foarkaam dat nije beammen de âlde, troch de minske kappe eksimplaren ferfange koene. Yn Nij-Seelân, dêr't de Polynezyske rôt ek wol bekend stiet ûnder de Maoary-namme kiore, waard yn 'e 1990-er jierren fan bonkeresten fan it bist fêststeld dat se mear as 2000 âld wiene, wat de teoryen oangeande de fersprieding fan 'e Polynezyske rôt raar yn it hûndert jage. Letter ûndersyk hat dy befinings lykwols ûnderút helle, en no wurdt rûnom akseptearre dat de Polynezyske rôt Nij-Seelân om it jier 1280 hinne berikte, tagelyk mei de earste Maoary. Yn Nij-Seelân is it bist ûnderwilens op 'e measte lytse eilantsjes útrûge, mar twa, yn 'e Hen and Chickenseilannen, binne apart holden as in reservaat foar de Polynezysk rôt.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Echte rôt Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Eksoat yn Amerikaansk-Samoä Kategory:Eksoat yn Brûnei Kategory:Eksoat yn de Chathameilannen Kategory:Eksoat yn de Cookeilannen Kategory:Eksoat yn East-Timor Kategory:Eksoat yn Fanûatû Kategory:Eksoat yn Fidzjy Kategory:Eksoat yn de Filipinen Kategory:Eksoat yn Frânsk-Polyneezje Kategory:Eksoat yn Gûam Kategory:Eksoat yn Hawaï Kategory:Eksoat yn Yndoneezje Kategory:Eksoat yn Kiribaty Kategory:Eksoat yn Krysteilân Kategory:Eksoat yn de Marshalleilannen Kategory:Eksoat yn Mikroneezje (lân) Kategory:Eksoat yn Naurû Kategory:Eksoat yn Nij-Kaledoanje Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn Niûé Kategory:Eksoat yn de Noardlike Marianen Kategory:Eksoat yn Norfolk (eilân) Kategory:Eksoat yn Palau Kategory:Eksoat yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Eksoat yn Peaske-eilân Kategory:Eksoat yn de Salomonseilannen Kategory:Eksoat yn Samoä Kategory:Eksoat yn Sina Kategory:Eksoat yn Taiwan Kategory:Eksoat yn Tokelau Kategory:Eksoat yn Tonga Kategory:Eksoat yn Tûvalû Kategory:Eksoat yn Wallis en Fûtûna Kategory:Eksoat yn Lord Howe Kategory:Eksoat yn de Kermadeceilannen Kategory:Eksoat yn de Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen yn de Grutte Oseaan Kategory:Hainan