De Pilgrim Award is in Amerikaanske literatuerpriis dy't sûnt 1970 elts jier troch de Science Fiction Research Association útrikt wurdt. It is in oeuvrepriis op it mêd fan 'e wittenskiplike ûnderbouwing fan science fiction-literatuer, en is ferneamd nei it baanbrekkende boek Pilgrims through Space and Time, fan J.O. Bailey, dy't tapaslikerwize ek de earste winner fan 'e Pilgrim Award wie. Oare winners wiene û.m. Ursula K. Le Guin, Joanna Russ en Brian W. Aldiss. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Pilgrim Award
Kategory:Science fiction-priis Kategory:Amerikaanske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1970