De Endeavour Award (soms ek stavere as Endeavor Award) is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier útrikt wurdt foar it as bêste beoardiele wurk fan it sjenre fan science fiction of fantasy, wêrfan't de skriuwer ôfkomstich is út it Amerikaanske Noardwesten (de Amerikaanske steaten Washington, Oregon en Idaho). De winner wurdt bekendmakke op 'e jierlikse OryCon, in science fiction- en fantasykonvinsje dy't yn 'e moanne novimber holden wurdt yn 'e stêd Portland.

De priis, dy't foar it earst útrikt waard yn 1999, is ferneamd nei it skip de Endeavour, fan 'e Britske ûntdekkingsreizger James Cook, ien fan 'e earste Jeropeänen dy't it Amerikaanske Noardwesten oandie. Nei't it skynt klútsje in protte Amerikaanske science fiction- en fantasyskriuwers yn it Noardwesten gear; de Endeavour Award is bedoeld om harren oan te fiterjen by harren wurk (to endeavo(u)r is Ingelsk foar "(nei)stribje"). Under de skriuwers dy't de priis alris wûnen, binne Robin Hobb en Ursula K. Le Guin. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Endeavour Award

Kategory:Science fiction-priis Kategory:Fantasypriis Kategory:Amerikaanske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1999