De mûseftigen (wittenskiplike namme: Muridae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), dêr't û.o. de hûsmûs, de brune rôt en de swarte rôt ta hearre. Mei mear as 700 soarten is it de grutste kjifdierefamylje. Mûseftigen komme fan natuere foar yn Jeraazje, Afrika en Austraalje, mar berikten pas mei de minske, fan 1492 ôf, de Nije Wrâld, dy't earder kolonisearre wie troch de nau besibbe famylje fan 'e wrotmûseftigen.
Mûseftigen binne yn 'e regel lytseftige bisten mei in lange sturt en útsteande snorhierren. Guon hawwe langere efterpoaten, sadat se har op in huppende manear fuortbewege kinne, wylst oaren in grypsturt hawwe om it klimmen yn beammen makliker te meitsjen. Se hawwe allegear in earsten gehoar en rooksin, en komme foar yn biotopen dy't útinoar rinne fan wâld oant gerslân oant berchtme. In stikmannich soarten, yn 't bysûnder de gerbils, hawwe har oanpast oan it libjen yn 'e woastyn, wylst de bekendste soarten trouwe, sij it yn 'e regel ûnwinske, selskipsdieren fan 'e minske wurden binne. Mûseftigen binne herbivoaren of omnivoaren, en brûke har sterke kaakspieren en altyd trochgroeiende kjiftosken net inkeld om te iten, mar ek om hoalen gnaujen yn hurde materialen, lykas hout of drûge ierde. Se plantsje har fluch fuort, mei faak ferskate grutte nêsten jongen it jier.
Famylje-opbou
famylje mûseftigen (Muridae) ûnderfamylje gerbils of rinmûzen (Gerbillinae) tûke ammodyleftigen (Ammodillini) skaai ammodilen of walo's (Ammodillus): 1 soarte tûke gerbileftigen (Gerbillini) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai boarstelsturtgerbilrotten (Sekeetamys): 1 soarte ûndertûke gerbildieren (Gerbillina) skaai Afro-Aziatyske gerbils (Dipodillus): 13 soarten skaai echte gerbils (Gerbillus): 38 soarten skaai Somalyske dwerchgerbils (Microdillus): 1 soarte ûndertûke grutte gerbildieren (Rhombomyina) skaai gerbilrotten (Meriones): 17 soarten skaai grutte rinmûzen (Rhombomys): 1 soarte skaai przewalskigerbils (Brachiones): 1 soarte skaai sânrotten (Psammomys): 2 soarten tûke hierpoatgerbileftigen (Gerbillurini) skaai Afrikaanske gerbils (Gerbilliscus): 11 soarten skaai hierpoatgerbils (Gerbillurus): 4 soarten skaai Yndyske kealsoalgerbils (Tatera): 1 soarte skaai Kaapske koarteargerbils (Desmodillus): 1 soarte tûke tateryleftigen (Taterillini) skaai taterilen (Taterillus): 9 soarten tûke wangsekgerbileftigen (Desmodilliscini) skaai grousturtmûzen (Pachyuromys): 1 soarte skaai wangsekgerbils (Desmodilliscus): 1 soarte ûnderfamylje moanjesrotten (Lophiomyinae) skaai moanjesrotten (Lophiomys): 1 soarte ûnderfamylje skreeftoskboskmûzen (Leimacomyinae) skaai skreeftoskboskmûzen (Leimacomys): 1 soarte ûnderfamylje stikelmûseftigen (Deomyinae) skaai boarstelhierrige mûzen (Lophuromys): 33 soarten skaai keatrotten (Deomys): 1 soarte skaai ruddmûzen (Uranomys): 1 soarte skaai stikelmûzen (Acomys): 19 soarten ûnderfamylje mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai Banahawbeammûs (Musseromys): 1 soarte skaai moasrotten (Mirzamys): 2 soarten yndieling Aethomys skaai boskrotten (Aethomys): 11 soarten yndieling Apodemus skaai boskmûzen (Apodemus): 21 soarten skaai Rhagamys: 1 soarte † skaai Rjûkjûaanske stikelrotten (Tokudaia): 3 soarten yndieling Arvicanthis skaai Afrikaanske skreeftoskrotten (Mylomys): 2 soarten skaai Etiopyske gersmûzen (Desmomys): 2 soarten skaai fjouwerstreekte mûzen (Rhabdomys): 2 soarten skaai net-streekte gersmûzen (Arvicanthis): 7 soarten skaai skreeftoskige somprotten (Pelomys): 5 soarten skaai streekte gersmûzen (Lemniscomys): 11 soarten yndieling Chrotomys skaai echte pipermûsrotten (Rhynchomys): 4 soarten skaai Filipynske mûzen (Apomys): 17 soarten skaai Lûzonske pipermûsrotten (Soricomys): 3 soarten skaai Lûzonske streekte rotten (Chrotomys): 5 soarten skaai Mount Isarog-pipermûsrotten (Archboldomys): 2 soarten yndieling Colomys skaai Afrikaanske wetterrotten (Colomys): 1 soarte skaai Etiopyske wettermûzen (Nilopegamys): 1 soarte skaai stjonkmûzen (Zelotomys): 2 soarten yndieling Crunomys skaai Filipynske en Selebespipermûsrotten (Crunomys): 4 soarten skaai sommerselebesrotten (Sommeromys): 1 soarte yndieling Dacnomys skaai feabeamrotten of Fea's beamrotten (Chiromyscus): 1 soarte skaai gruttoskige reuzerotten (Dacnomys): 1 soarte skaai langsturtige reuzerotten (Leopoldamys): 6 soarten skaai Mindoarorotten (Anonymomys): 1 soarte skaai paulinakalkstienrotten (Saxatilomys): 1 soarte skaai Seylonrotten (Srilankamys): 1 soarte skaai Tonkinrotten (Tonkinomys): 1 soarte skaai wytbúkrotten (Niviventer): 18 soarten yndieling Dasymys skaai rûchhierrige somprotten (Dasymys): 14 soarten yndieling Echiothrix skaai Selebesstikelrotten (Echiothrix): 2 soarten yndieling Golunda skaai Yndyske boskrotten (Golunda): 1 soarte yndieling Hadromys skaai Manipoereeske boskrotten (Hadromys): 3 soarten yndieling Halmaheramys skaai Halmaheraanske stikelrotten (Halmaheramys): 1 soarte yndieling Hybomys skaai bultnoasmûzen (Hybomys): 6 soarten skaai defûarotten (Dephomys): 2 soarten skaai doelrotten (Stochomys): 1 soarte yndieling Hydromys skaai Nijguineeske beverrotten (Baiyankamys): 2 soarten (foarhinne ûnderdiel fan 'e Australyske beverrotten) skaai Australyske beverrotten (Hydromys): 4 soarten skaai berchbeverrotten (Parahydromys): 1 soarte skaai moncktonbeverrotten (Crossomys): 1 soarte skaai Nijguineeske dwerchbeverrotten (Microhydromys): 2 soarten skaai Nijguineeske wetterrotten (Paraleptomys): 2 soarten yndieling Hyorhinomys skaai bargesnútrotten (Hyorhinomys): 1 soarte yndieling Lorentzimys skaai Nijguineeske springmûzen (Lorentzimys): 1 soarte yndieling Malacomys skaai grutearsomprotten (Malacomys): 3 soarten yndieling Maxomys skaai radjarotten (Maxomys): 17 soarten yndieling Melasmothrix skaai grutte Selebespipermûsrotten (Tateomys): 2 soarten skaai lytse Selebespipermûsrotten (Melasmothrix): 1 soarte yndieling Micromys skaai dwerchbeammûzen (Haeromys): 3 soarten skaai dwerchmûzen (Micromys): 2 soarten skaai langsturtklimmûzen (Vandeleuria): 3 soarten skaai pinsielsturtbeammûzen (Chiropodomys): 6 soarten skaai pinsielsturtrotten (Hapalomys): 2 soarten skaai vernayklimmûzen (Vernaya): 1 soarte yndieling Millardia skaai Aziatyske sêfthierrige rotten (Millardia): 4 soarten skaai blanfordmûzen (Madromys): 1 soarte skaai Yndyske rotten (Cremnomys): 2 soarten skaai Manipoereeske mûzen (Diomys): 1 soarte yndieling Mus skaai echte mûzen (Mus): 41 soarten skaai streekrêchmûzen (Muriculus): 1 soarte yndieling Oenomys skaai Afrikaanske strewellerotten (Grammomys): 13 soarten skaai akasiarotten (Thallomys): 4 soarten skaai Kanaryske reuzerotten (Canariomys): 2 soarten † skaai lavamûzen (Malpaisomys): 1 soarte † skaai Middenafrikaanske strewellerotten (Thamnomys): 3 soarten skaai Mount Oku-rotten (Lamottemys): 1 soarten skaai readnoasrotten (Oenomys): 2 soarten yndieling Otomyines skaai fluitsjende rotten (Parotomys): 2 soarten skaai Karoorotten (Myotomys): 2 soarten skaai poelrotten of skreeftoskrotten (Otomys): 19 soarten yndieling Phloeomys skaai dizerotten (Crateromys): 4 soarten skaai Lûzonske en Mindanaooske wâldrotten (Batomys): 5 soarten skaai Lûzonske rotten (Carpomys): 2 soarten skaai ranksturtdizerotten (Phloeomys): 2 soarten yndieling Pithecheir skaai apepoatige rotten (Pithecheir): 2 soarten skaai grize beamrotten (Lenothrix): 1 soarte skaai lytsearbeamrotten (Pithecheirops): 1 soarte skaai margaretarotten (Margaretamys): 3 soarten skaai Selebessêfthierrotten (Eropeplus): 1 soarte skaai trijetyntoskige rotten (Lenomys): 1 soarte yndieling Pogonomys skaai beammûzen fan de Alde Wrâld (Chiruromys): 3 soarten skaai boarstelmûzen (Coccymys): 4 soarten skaai buhlerboarstelmûzen (Coryphomys): 1 soarte † skaai Floareshoalerotten (Spelaeomys): 1 soarte † skaai grutte mozayksturtrotten (Mammelomys): 2 soarten skaai grypsturtrotten (Pogonomys): 6 soarten skaai heechlânboarstelmûzen (Abeomelomys): 1 soarte skaai iikhoarntoskrotten (Anisomys): 1 soarte skaai Nijguineesk rotten (Macruromys): 2 soarten skaai Nijguineeske wytsturtrotten (Xenuromys): 1 soarte skaai reuzebeamrotten (Mallomys): 7 soarten skaai rummlermozayksturtrotten (Pogonomelomys): 2 soarten skaai wytearrotten (Hyomys): 2 soarten yndieling Pseudomys skaai Australyske mûzen (Pseudomys): 23 of 24 soarten (ôfhinklik fan 'e fraach oft de Kimberleymûs as in aparte soarte beskôge wurdt) skaai Australyske springmûzen (Notomys): 10 soarten skaai Australyske twiichnêstrotten (Leporillus): 2 soarten skaai beamrotten (Mesembriomys): 2 soarten skaai breedtoskrotten (Mastacomys): 1 soarte skaai forrestmûzen (Leggadina): 2 soarten skaai grousturtrotten (Zyzomys): 5 soarten skaai kninerotten (Conilurus): 2 soarten yndieling Rattus skaai boarstelrotten (Bandicota): 3 soarten skaai echte rotten (Rattus): 66 soarten skaai Filipynske berchrotten (Limnomys): 2 soarten skaai Filipynske wâldrotten (Bullimus): 3 soarten skaai Floareslangsnútrotten (Paulamys): 1 soarte skaai Floaresreuzerotten (Papagomys): 2 soarten skaai heuvelrotten (Bunomys): 7 soarten skaai koartsturtige boarstelrotten (Nesokia): 2 soarten skaai Komodorotten (Komodomys): 1 soarte skaai langpoatrotten (Tarsomys): 2 soarten skaai Luzonbreedtoskrotten (Abditomys): 1 soarte skaai Luzonkoartnoasrotten (Tryphomys): 1 soarte skaai Palawanrotten (Palawanomys): 1 soarte skaai Rjûkjûaanske langsturtige reuzerotten (Diplothrix): 1 soarte skaai Searamrotten (Nesoromys): 1 soarte skaai Selebesreuzerotten (Paruromys): 1 soarte skaai Selebesrotten (Taeromys): 7 soarten skaai sodybeamrotten (Kadarsanomys): 1 soarte skaai Sûndareuzerotten (Sundamys): 3 soarten skaai wyttoskrotten (Berylmys): 4 soarten yndieling Stenocephalomys skaai Afrikaanske boskmûzen (Hylomyscus): 21 soarten skaai Afrikaanske grize rotten (Heimyscus): 1 soarte skaai Afrikaanske sêfthierrotten (Praomys): 14 soarten skaai Etiopyske smelkoprotten (Stenocephalemys): 4 soarten skaai rju-oermûzen (Myomyscus): 4 soarten skaai rju-oerrotten (Mastomys): 8 soarten yndieling Uromys skaai bananerotten (Melomys): 23 soarten skaai echte mozayksturtrotten (Paramelomys): 9 soarten skaai kealsturtrotten (Solomys): 5 soarten skaai readbúkmozayksturtrotten (Protochromys): 1 soarte skaai reuzekealsturtrotten (Uromys): 10 soarten yndieling Xeromys skaai Nijguineeske echte wettermûzen (Leptomys): 5 soarten skaai Nijguineeske ûnechte wettermûzen (Pseudohydromys): 12 soarten skaai ûnechte wetterrotten (Xeromys): 1 soarte
Kategory:Sûchdierefamylje Kategory:Kjifdier