right|thumb|250px|Tekening fan 'e wytpoatbeamrôt, in útstoarne soarte. De mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (wittenskiplike namme: Murinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae), dêr't û.o. de hûsmûs, de brune rôt en de swarte rôt ta hearre. Dizze ûnderfamylje bestiet út mar leafst 519 soarten, en is dêrmei grutter as alle sûchdierefamyljes útsein de mûseftigen (dêr't er ta heart) en dy fan de wrotmûseftigen, en ek is er grutter as alle sûchdiereskiften útsein dy fan 'e kjifdieren (dêr't er ta heart) en dy fan de flearmûzen.

De mûzen en rotten fan de Alde Wrâld binne lânseigen yn Jeraazje, Afrika en Austraalje, mar komme tsjintwurdich as eksoaten ek foar op alle oare grutte lânmassa's útsein Antarktika. Op plakken dêr't se fan natuere net foarkamen, foarmje se yn 'e regel in slimmen pleach dy't grutte skea tabringe kin oan 'e lânseigen fauna, yn 't bysûnder op isolearre eilannen, lykas yn de Stille Súdsee.

Underfamylje-opbou

ûnderfamylje mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae) incertae sedis (yndieling ûnwis) skaai Banahawbeammûs (Musseromys): 1 soarte skaai moasrotten (Mirzamys): 2 soarten yndieling Aethomys skaai boskrotten (Aethomys): 11 soarten yndieling Apodemus skaai boskmûzen (Apodemus): 21 soarten skaai Rhagamys: 1 soarte † skaai Rjûkjûaanske stikelrotten (Tokudaia): 3 soarten yndieling Arvicanthis skaai Afrikaanske skreeftoskrotten (Mylomys): 2 soarten skaai Etiopyske gersmûzen (Desmomys): 2 soarten skaai fjouwerstreekte mûzen (Rhabdomys): 2 soarten skaai net-streekte gersmûzen (Arvicanthis): 7 soarten skaai skreeftoskige somprotten (Pelomys): 5 soarten skaai streekte gersmûzen (Lemniscomys): 11 soarten yndieling Chrotomys skaai echte pipermûsrotten (Rhynchomys): 4 soarten skaai Filipynske mûzen (Apomys): 17 soarten skaai Lûzonske pipermûsrotten (Soricomys): 3 soarten skaai Lûzonske streekte rotten (Chrotomys): 5 soarten skaai Mount Isarog-pipermûsrotten (Archboldomys): 2 soarten yndieling Colomys skaai Afrikaanske wetterrotten (Colomys): 1 soarte skaai Etiopyske wettermûzen (Nilopegamys): 1 soarte skaai stjonkmûzen (Zelotomys): 2 soarten yndieling Crunomys skaai Filipynske en Selebespipermûsrotten (Crunomys): 4 soarten skaai sommerselebesrotten (Sommeromys): 1 soarte yndieling Dacnomys skaai feabeamrotten of Fea's beamrotten (Chiromyscus): 1 soarte skaai gruttoskreuzerotten (Dacnomys): 1 soarte skaai langsturtreuzerotten (Leopoldamys): 6 soarten skaai Mindoarorotten (Anonymomys): 1 soarte skaai paulinakalkstienrotten (Saxatilomys): 1 soarte skaai Seylonrotten (Srilankamys): 1 soarte skaai Tonkinrotten (Tonkinomys): 1 soarte skaai wytbúkrotten (Niviventer): 18 soarten yndieling Dasymys skaai rûchhierrige somprotten (Dasymys): 14 soarten yndieling Echiothrix skaai Selebesstikelrotten (Echiothrix): 2 soarten yndieling Golunda skaai Yndyske boskrotten (Golunda): 1 soarte yndieling Hadromys skaai Manipoereeske boskrotten (Hadromys): 3 soarten yndieling Halmaheramys skaai Halmaheraanske stikelrotten (Halmaheramys): 1 soarte yndieling Hybomys skaai bultnoasmûzen (Hybomys): 6 soarten skaai defûarotten (Dephomys): 2 soarten skaai doelrotten (Stochomys): 1 soarte yndieling Hydromys skaai Nijguineeske beverrotten (Baiyankamys): 2 soarten (foarhinne ûnderdiel fan 'e Australyske beverrotten) skaai Australyske beverrotten (Hydromys): 4 soarten skaai berchbeverrotten (Parahydromys): 1 soarte skaai moncktonbeverrotten (Crossomys): 1 soarte skaai Nijguineeske dwerchbeverrotten (Microhydromys): 2 soarten skaai Nijguineeske wetterrotten (Paraleptomys): 2 soarten yndieling Hyorhinomys skaai bargesnútrotten (Hyorhinomys): 1 soarte yndieling Lorentzimys skaai Nijguineeske springmûzen (Lorentzimys): 1 soarte yndieling Malacomys skaai grutearsomprotten (Malacomys): 3 soarten yndieling Maxomys skaai radjarotten (Maxomys): 17 soarten yndieling Melasmothrix skaai grutte Selebespipermûsrotten (Tateomys): 2 soarten skaai lytse Selebespipermûsrotten (Melasmothrix): 1 soarte yndieling Micromys skaai dwerchbeammûzen (Haeromys): 3 soarten skaai dwerchmûzen (Micromys): 2 soarten skaai langsturtklimmûzen (Vandeleuria): 3 soarten skaai pinsielsturtbeammûzen (Chiropodomys): 6 soarten skaai pinsielsturtrotten (Hapalomys): 2 soarten skaai vernayklimmûzen (Vernaya): 1 soarte yndieling Millardia skaai Aziatyske sêfthierrige rotten (Millardia): 4 soarten skaai blanfordmûzen (Madromys): 1 soarte skaai Yndyske rotten (Cremnomys): 2 soarten skaai Manipoereeske mûzen (Diomys): 1 soarte yndieling Mus skaai echte mûzen (Mus): 41 soarten skaai streekrêchmûzen (Muriculus): 1 soarte yndieling Oenomys skaai Afrikaanske strewellerotten (Grammomys): 13 soarten skaai akasiarotten (Thallomys): 4 soarten skaai Kanaryske reuzerotten (Canariomys): 2 soarten † skaai lavamûzen (Malpaisomys): 1 soarte † skaai Middenafrikaanske strewellerotten (Thamnomys): 3 soarten skaai Mount Oku-rotten (Lamottemys): 1 soarten skaai readnoasrotten (Oenomys): 2 soarten yndieling Otomyines (ek oantsjut as de tûke Otomyini) skaai fluitsjende rotten (Parotomys): 2 soarten skaai Karoorotten (Myotomys): 2 soarten skaai poelrotten of skreeftoskrotten (Otomys): 26 soarten yndieling Phloeomys skaai dizerotten (Crateromys): 4 soarten skaai Lûzonske en Mindanaooske wâldrotten (Batomys): 5 soarten skaai Lûzonske rotten (Carpomys): 2 soarten skaai ranksturtdizerotten (Phloeomys): 2 soarten yndieling Pithecheir skaai apepoatige rotten (Pithecheir): 2 soarten skaai grize beamrotten (Lenothrix): 1 soarte skaai lytsearbeamrotten (Pithecheirops): 1 soarte skaai margaretarotten (Margaretamys): 3 soarten skaai Selebessêfthierrotten (Eropeplus): 1 soarte skaai trijetyntoskige rotten (Lenomys): 1 soarte yndieling Pogonomys skaai beammûzen fan de Alde Wrâld (Chiruromys): 3 soarten skaai boarstelmûzen (Coccymys): 4 soarten skaai buhlerboarstelmûzen (Coryphomys): 1 soarte † skaai Floareshoalerotten (Spelaeomys): 1 soarte † skaai grutte mozayksturtrotten (Mammelomys): 2 soarten skaai grypsturtrotten (Pogonomys): 6 soarten skaai heechlânboarstelmûzen (Abeomelomys): 1 soarte skaai iikhoarntoskrotten (Anisomys): 1 soarte skaai Nijguineesk rotten (Macruromys): 2 soarten skaai Nijguineeske wytsturtrotten (Xenuromys): 1 soarte skaai reuzebeamrotten (Mallomys): 7 soarten skaai rummlermozayksturtrotten (Pogonomelomys): 2 soarten skaai wytearrotten (Hyomys): 2 soarten yndieling Pseudomys skaai Australyske mûzen (Pseudomys): 23 of 24 soarten (ôfhinklik fan 'e fraach oft de Kimberleymûs as in aparte soarte beskôge wurdt) skaai Australyske springmûzen (Notomys): 10 soarten skaai Australyske twiichnêstrotten (Leporillus): 2 soarten skaai beamrotten (Mesembriomys): 2 soarten skaai breedtoskrotten (Mastacomys): 1 soarte skaai forrestmûzen (Leggadina): 2 soarten skaai grousturtrotten (Zyzomys): 5 soarten skaai kninerotten (Conilurus): 2 soarten yndieling Rattus skaai boarstelrotten (Bandicota): 3 soarten skaai echte rotten (Rattus): 66 soarten skaai Filipynske berchrotten (Limnomys): 2 soarten skaai Filipynske wâldrotten (Bullimus): 3 soarten skaai Floareslangsnútrotten (Paulamys): 1 soarte skaai Floaresreuzerotten (Papagomys): 2 soarten skaai heuvelrotten (Bunomys): 8 soarten skaai koartsturtboarstelrotten (Nesokia): 2 soarten skaai Komodorotten (Komodomys): 1 soarte skaai langpoatrotten (Tarsomys): 2 soarten skaai Lûzonske breedtoskrotten (Abditomys): 1 soarte skaai Lûzonske koartnoasrotten (Tryphomys): 1 soarte skaai Palawanrotten (Palawanomys): 1 soarte skaai Rjûkjûaanske langsturtige reuzerotten (Diplothrix): 1 soarte skaai Searamrotten (Nesoromys): 1 soarte skaai Selebesreuzerotten (Paruromys): 1 soarte skaai Selebesrotten (Taeromys): 7 soarten skaai sodybeamrotten (Kadarsanomys): 1 soarte skaai Sûndareuzerotten (Sundamys): 3 soarten skaai wyttoskrotten (Berylmys): 4 soarten yndieling Stenocephalomys skaai Afrikaanske boskmûzen (Hylomyscus): 13 soarten skaai Afrikaanske grize rotten (Heimyscus): 1 soarte skaai Afrikaanske sêfthierrotten (Praomys): 17 soarten skaai Etiopyske smelkoprotten (Stenocephalemys): 4 soarten skaai Kretinzyske reuzerotten (Kritmys): 2 soarten, útstoarn skaai rju-oermûzen (Myomyscus): 4 soarten skaai rju-oerrotten (Mastomys): 8 soarten yndieling Uromys skaai bananerotten (Melomys): 23 soarten skaai echte mozayksturtrotten (Paramelomys): 9 soarten skaai kealsturtrotten (Solomys): 5 soarten skaai readbúkmozayksturtrotten (Protochromys): 1 soarte skaai reuzekealsturtrotten (Uromys): 10 soarten yndieling Xeromys skaai Nijguineeske echte wettermûzen (Leptomys): 5 soarten skaai Nijguineeske ûnechte wettermûzen (Pseudohydromys): 12 soarten skaai ûnechte wetterrotten (Xeromys): 1 soarte

Kategory:Mûseftige